Gymnastykferiening ontspanning door inspanning (O.D.I)


Gymnastykferiening ontspanning door inspanning (O.D.I)
©: Jetske Santema

Troch Klaas Kooistra ( boek Easterein) 

De gymnastyk feriening O.D.I. waard oprjochte op 22 april 1938. Ut de oanwêzigen waard fuortdaliks in foarriedich bestjoer keazen, besteande út C. v.d. Eems, L. Jongema en W. Ykema. Van der Vliet út Wytmarsum krige de lieding.

Op ‘e earste ledegearkomste op 22 april 1938 komt it bestjoer der sa út te sjen: Master  A.Y. Kornelis, foarsitter; W. Ykema, twadde foarsitter; C. V.d. Eems, skriuwer; L. Jongema, Ponghâlder.. Advisearjende leden wurde D. Hofstee en I. Kamminga. De earste lessen wurde jûn yn ‘e bewaarskoalle. De kontribúsje is 20 gûne yn it jier foar grutten en foar bern 10 gûne. Mear bern út ien húshâlding betelje fl. 7,50.

De namme O.D.I. dûkt yn de oantekens fan dizze gearkomste foar it earst op. De feriening hat ‘de Christelijke beginselen’ as grûnslach. Yn ‘e begjinjierren fine wy ek dat der priisopjefte frege waard by de pleatslike timmerlju foar de ‘gymnastiekinstrumenten’ dy’t nedich wiene.

Tsjuster

It jier 1939 stiet foar de feriening as in donker jier yn de oantekens. Troch de mobilisaasje moasten de lieder en in tal leden ûnder de wapens. Ek de froulju lieten it wat ôf witte. Sa kaam it, dat it der in jier nei it oprjochtsjen al tsjuster der foar stie. Op 3 februaris 1940 wurdt noch in ledegearkomste holden. Dêrnei is de feriening fiif jier yn ‘e rêst.

Yn 1946 wurdt wer úteinset mei sa’n fyftich leden . Yn 1950 slút de feriening him oan by it Ned. Christelijk Verbond voor Gymnastiek. (N.C.V.G.) Ek wurdt der praat oer it jaan fan in útfiering dy’t tenei alle jierren holden wurde koe. Troch oanplakbiljetten wurdt rûnom bekend makke. Yn 1953 beslute de leden om yn it simmerskoft jûns ek kasty- en follybal te spyljen. Tusken 1955 en 1961 gyng it net bêst mei de feriening. Lieder Canrinus hold op en it skoallokaal en de tastellen wiene net mear geskikt om te brûken. Hjiroer stiene ek al stikken yn ‘e krante: ‘De lessen deden in de meeste zin zoveel stof opwaaien, dat men elkaar bijna niet meer kon zien’. 

Trochgean koe net langer, de feriening waard dan ek opdoekt.

In nij begjin

Doch duorre dit net lang. Yn 1956 pakte E. Kalverda de tried wer op ‘e nij op en rjochte de feriening wer op. It it âlde bestjoer waard wer aktyf. Oerheden, it Christelijk Nationaal Sportfonds (C.N.S.) en de sportbond, it Koninklijk Nederlands Christelijk Gymnastiek Verbond ( K.N.C.G.V.), waarden oansprutsen om ek mei jild oer de brêge te kommen foar it ferbouwen en oan passen fan ‘e iepenbiere skoalle ta in nij gymnastyklokaal. It kaam ta in goede regeling. Op 10 oktober 1962 stiene Ali Kalverda en Akke Sjaarda foar de doar fan it fernijde gebou. Mei de kaai op in swart flewielen kessentsje songen hja: ‘Wy kinne net by it kaaisgat, hoe moat no dy doar fan it slot’. 

Dy eare waard oerlitten oan deputearre Brouwer. It wie in histoarysk momint foar in bloeiende feriening. Mei de iepening fan ‘e nije seal naam it tal leden gâns ta. Ien op ‘e fjouwer minsken wie yn dy tiid lid. Foar it ôflossen fan’e skuld waarden der aksjes holden dy’t in soad jild opsmieten. Oaljebollen- aksjes waarden in jierlikse tradysje. It 25- jierrich bestean wurdt yn 1963 op Himelfeartsdei fierd yn in grutte tinte op it fjild. Yn 1964 ûntstiet út de feriening in follybalklup foar ‘net- trouden’ en in gymnastyk klub foar âldere dames, Hjirnei wurdt geregeld meidien oan wedstriden en gauris mei sukses. Ek plakken as Dokkum en Grins wurde bereizge om wedstriden te spyljen. E. Kalverda giet yn 1968 nei it Amelân. Syn foarsitterskip hat de feriening sawol letterlik as figuerlik út it ‘stof’ helle. 

It follybal begjint yn 1968 in wichtich plak yn ‘e feriening yn te nimmen. De heren helje in fjirde plak yn ‘e kompetysje yn ‘e ôfdieling Frjentsjer fan de Ned. Volleybal Bond ( NEVOBO). Mei de trije jonges fan ‘e famylje Tj. v.d. Valk komt it tal leden op 200. 

Yn 1970 ûntstiet it hâlden fan ûnderlinge wedstriden wat ek no, yn 1995, noch liedt ta in sûne  ûnderlinge rivaliteit. It hawwen en hâlden fan liedsters en lieders bliuwt de jierren troch in soarch. De feriening is hjoeddedei oansluten by in oerkoepeljend orgaan. Dit soarget foar de finânsjes wat de lieding oanbelanget en foar ferfanging as soks nedich is. Sûnt 1980 is de feriening ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel.

Follybal

Yn 1979 wurdt in apart bestjoer foarme foar it follybal. Mienskiplike saken lykas it regeljen fan sealromte wurdt ôfhannele troch it haadbestjoer. Yn 1995 funksjonearje de gymnastyk en it follybal alhiel los fan inoar, beide ûnder de namme O.D.I.

De nije sporthal ‘De Greidhoeke’ is tige stimulearjend foar de ûntjouwing fan allerhanne aktiviteiten ek binnen O.D.I.Sa ûntstiet ek in bettere gearwurking mei oare sportferienings yn ‘e Gemeente Littenseradiel. Ek trochdat ek it gewest Fryslân fan ‘e K.N.C.G.V. in part fan har wedstriden hjir hâld, bestiet hjirmei ek in goed kontakt. 

Yn 1988 hat de feriening it 50 jierrich bestien fierd mei it opfieren fan in revue.It wie foar de oanwêzigen in ûnferjitlik barren. 

Troch it grutte oanbod fan in ferskaat oan aktiviteiten op sportyf en kultureel mêd, komt ‘e gymnastyk de lêste jierren wat yn ‘e ferdrukking. Soks is net allinne yn Easterein it gefal. De jongerein fan ‘e basisskoalle, in trim groep foar âlderen en in groep ‘beter bewegen’ foar de âlderein, binne op dit stuit de wichtichste doelgroepen fan ‘e feriening. It bestjoer bestiet yn 1995 út:

Wouter Sierdsma, foarsitterHiltsje v.d. Weide, ponghâlder en lede-administraasjeMieke Peenstra, algemien adjunktIlse van Wermeskerken, skriuwster.

Tekst Jetske Santema

Yn 1998 hat de feriening it 60 jierrich bestean fierd. De feriening wie doe noch fol op yn bloei. Der stean foto’s wêrop te sjen is dat hjir goed by stil stien is. It korps Wilhelmina hat der ek in bydrage oan levere.

Men kin oan de gymnastyk pakjes sjen yn welke perioade dat west is. Earst de suver donkere pakjes. Dêrnei kamen de blau- giele pakjes. (jierren 90).En op it lêst de lila/ griene pakjes. 

Elts jier in útfiering yn maart. Dit wiene de hichtepunten yn it jier. Der waard ek altyd in bysûnder tintsje oan jûn. De binne in protte ferklaaide demonstraasjes jûn. Sawol troch de bern as troch de dames. 

In fêste liedster wie juf Afke se wie yn 2002, al 20 jier  ferbûn oan O.D.I. Se is doe noch in skoftke troch gongen.

Jild

Om de kas wat te spekken waard der ek elk jier in aksje holden. Nei de oaljekoeken is men oergongen op krinten- en sûkerbôle. Undanks alle aksjes rûn it oantal leden werom. Der kaam hieltyd minder jild yn de kas. En nei in byienkomst op 10 april wer’t frege waard oan alle leden om te kommen seach m’n doch yn dat it net mear te dwaan wie. De kosten wiene net mear op te bringen. En it doek foel foar O.D.I. 

Colofon

Boek Easterein en archief O.D.I.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’sDokuminten