Eeskwert


Eeskwert
©: Jetske Santema

Eeskwert, de namme komt fan de terp Eeskwert. De earste wenten binne boud yn 1972 en de lêste dateren fan 1973. Der binne 19 wenningen boud op it postadres Eeskwert. Allegearre hierwenten yn eigendom fan de Wenningboustichting. Dêrfan binne 14 wenningen boud foar senioaren. Op dit stuit binne se wyldfoarsl bewenne troch allinnichsteanden. In part wurdt noch ferhierd en in part is yntusken troch de wenningboustichting ferkocht. Dêrneist steane der fiif grutte iengesinswenten. Ek dizze binne (foar in part) ferkocht oan nije bewenners. 

It is in rêstige buert dy't yn april 2024 opskrikt wurdt troch in bomoanslach. It blykt in fersin te wêzen. It ûnleauwen yn it doarp en de omjouwing is grut.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s