1e Kr skoalle
Yn Easterein hie de tsjerke in grutte ynfloed op it deistich en geastlik libben. It ûnderwiis hie dêrom ek in kristlike grûnslach. De ûnderwizer wie de feint fan de dûmny en dêrnjonken faak ek deagraver, kloklieder, foarsjonger yn 'e tsjerke, haachknipper, tsjerkhofûnderhâlder en oargalist. Yn Easterein wenne dizze man moaigrif yn it ienichste hûs dat binnen de grêft fan de tsjerke stie, op'e râne fan de grêft. Hjir ha de earste Eastereinder bêrn har ûnderrjocht hân. It hûs is ôfbrutsen omstreeks 1930. Om it selde byld te hawwen moatte wy mei de rêch tsjin it rut fan de eardere etalaazje fan A. Bergstra stean gean en nei de brêge fan it tsjerkhôf nei de pastorij sjen.
Colofon
Boek Easterein, tekst Klaas Kooistra