De Alde dyk


De Alde dyk
©: Jetske Santema

Oant 1898 wie De Ald dyk de ferbining tusken Snits en Frjentsjer oer it lân, it paad rûn by Wommels del fia de Warntille nei Frjentsjer.

Oant de jierren 80 yn de foarige iuw wie it in strook lân wat heger lei as de neistlizzende greiden. Der weiden skiep op De Alde dyk en it gers waard troch de boeren dy 't eigener wienen meand. De stikken waarden mei in stek ôfsletten. Fan de Wynserdyk ôf wie der flak foar de bocht nei rjochts in wyt stek. Dat waard de ' wyte hikke ' neamd as plakoantsjutting. Dêr tsjinoer is it bankje fan Master Hingst pleatst.

Yn de jierren 80 waard it lân bewurke mei grutter lânbouark en is der om de lannen goed berikke te kinnen in stik betonpaad oanlein. De swiere trekkers koene op it earste stik dat in soad brûkt waard yn de hjerst en maitiid net mear ride sûnder it paad te fernielen. De grutskalichheid soarge derfoar dat it meanen fan de kanten net mear leanend wie. En mei it tanimmen fan de kuierders mei hûnen wie it ek net mear geskikt om der skiep op weidzje te litten.

Yn 1995 is yn it ramt fan de ruilferkaverling yn 1995 in skulpepaad oanlein foar kuierders. Ek binne der feeroasters yn oanlein. Der wurdt in soad gebrûk fan makke troch kuierders mei en sûnder hûnen. Dêrom binne de feeroasters oerstallich rekke. Ast it paad rinst kinst genietsje fan it kronkelige paad. De hege lizzing, mei wat foarstellingsfermogen kinst betinke hoe 't eartiids der sompige greiden wiene dy 't sa út en troch ûnder wetter kamen te stean. It paad, rûn en riden mei hynder-en-wein it is iuwen âld. Mei de foto's yn dit finster kinst yn gedachten it paad rinne.

Colofon

Boek Easterein en andere bronnen.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s



Disclaimer
2022, de Alde dyk wurdt opknapt
De toplaach (skulpen) wurdt derôf skrabbe.

Disclaimer
Offier toplaach

Disclaimer
Betonpaad fanôf de wyte hikke nei de Wynserdyk ta
Op de earste 250 mtr. fan de Alde Dyk leit in beton paad. Dat tsjinnet ek as ûn

Disclaimer
De Alde Dyk wurdt mar twa kear per jier meand

Disclaimer
De pleats fan Galema oan de Wommelser kant fan De Ald Dyk
Bij dizze pleats giet it paad wer oer nei in betondyk en slút dernei oan op de

Disclaimer
De natoer wint it wer fan it skelpepaad

Disclaimer
Blau, wyt en grien, en wat in romte yn ús Greidhoeke
De mûnen yn de Súd- Hoeke op de eftergrûn.

Disclaimer
It bankje fan Master Hingst
Tink om 'e brânnettels!

Disclaimer
It giet dat it slydjaget

Disclaimer
It leit hjir klear foar in nije toplaach
Yn in pear dagen is der in soad wurk dien. Spitigernôch begûn it te reinen. Du

Disclaimer
It rinpaad is mei skelpen ferhurde

Disclaimer
It paad nei de "wyte hikke"
Op de ein fan it betonpaad is in 20 jier lyn op de nacht nei de krystdagen in kl

Disclaimer
De kontoeren fan it paad yn it lânskip

Disclaimer
Eltse bocht jowt nij útsjoch

Disclaimer
Ynstruksje boerd.
Op it boerd stiet de tekst mei útlis oer hoe 't je in ljipaai fine kinne. It is

Disclaimer
Koperen nammeplaatsje

Disclaimer
Neisimmer 2022
Utsjoch rjochting Wynserdyk, op de eftergrûn fan lofts nei rjochts de pleatsen

Disclaimer
Op nei Wommels

Disclaimer
Op sneon 13 april hat de fûgelwacht master Hingst yn it sintsje setten.
Master Hingst is al jierren aktief als neisoarger en hat yn it ferline op de le

Disclaimer
Oersichtkaart
Op it kaartsje kinst sjen wêr 't De Ald dyk del rint. It is in fansels ûntstie

Disclaimer
Nammeboerd oan de Wynserdyk
Nei 400 meter giet de Alde Dyk oer yn in kuierpaad en in paad foar hynders.

Disclaimer
Utsicht op de Súdhoeke

Disclaimer
Fanôf de kant fan Easterein

Disclaimer
Fanôf de kant van Wommels

Disclaimer
Foar as jo it paad bjuster binne!
Paadwizer foar de kuierders oan de kant fan de Wynserdyk.

Disclaimer
Wurdt in soad ôffierd

Disclaimer