Damklub dokuminten
Documinten
Yn it wiidweidige argyf fan de Damklup sitte in tal stikken dy 't te moai binne om net te publisearjen. It argyf is byhâlden fan de begjin perioade ôf yn 1957.
Kontribúsje:
De skriftkes mei de nammen en de kontribúsje ynkomsten litte dat sjen. De earste jierren sil de kontribúsje net heech west hawwe. Neffens de berekkening sil it fl. 0,50 per jûn west hawwe. Op in stuit hat der in ferheging west. Oant 1973 waard der fl. 1,00 per jûn betelle. Mar ek dat waard ferhege nei fl. 1,50. Yn 1982 is it ferhege nei fl. 2,50. Ut lettere ferslachlizzing docht bliken dat it wer ferhege is nei fl. 3,00 per jûn.
Ast nei de documinten sjochst, nei de yn en út jeften docht bliken dat it foaral allegear djoerder wurden is.
Gebou:
Nei jierren yn Us Gebou damme te hawwen kaam dêr op 1 jannewaris 2008 in ein oan. De damklup is ferhuze nei it nije ferieningsgebou ' De Skoalleseize '.
Reglemint:
Yn it argyf sit in âld eksimplaar fan it Koninklijke Dam bûn út 1953 (sjoch de foto) Op 10 septimber 1973 is der troch it bestjoer in eigen reglemint makke. Dat is bekrêftige troch de leden. Yn it bestjoer sieten doe:
A. Feitsma H. Bergsma F. ten Dam K. Kooistra P. Hiemstra
By de slotbepalingen yn it giele reglemint stiet by punt b. it ûndersteande:
" Elk lid fan de klub wurdt achte dit reglemint te kennen '.
Leden 2022:
Nei glorieuze jierren fan in dikke tritich leden, is der in fêste ploech fan in 10 leden oerbleaun. Se binne hiel trou en kompetatyf! As je sjogge nei it oantal jierren dat de leden lid binne fan de Damklub, dan is dat in foarbyld foar houliken.
Uiltje Bouma, lid fan foar 1972
Klaas Louwsma, lid fanôf 1973
Rein Strikwerda, lid fan foar 1972
Geert Dijkstra, lid fanôf 1975
Lolke Bouma, lid fan foar 1972
Jacob de Jong lid fanôf 2004
Sake Strikwerda lid fanôf 1976
J. Rispens lid fanôf 2004
Teake Posthumus, wie lid yn 1974, is in skoft mei pause west.
Ut it argyf hjirûnder in pear prachtige ferhalen en krante artikelen.
PIETER PAKT WER SYN PUNTSJE (maart 1994 troch Klaas Louwsma)
Damklup Easterein krige ferline wike de strikers fan Offenwier op besite. In sterke ploech mei in kopman dy't ek by Huzum 1 damt. Der waard fûl kamp levere, wat ek dêr wol út bliken docht, dat it hast al tsien oere wie foart de earste skoare notearre wurde koe: remise fan Pieter Hiemstra.
Guon oare skowers fan Easterein stiene doe lykwols al faai op it boerd. It die dan ek gjin niget , dat der in stikmannich nullen ynkassearre wurde moasten. Oant Jakob Greidanus omheech sprong en syn bekende "ik ha wûn Eastereinders!" yn it rûn davere. Dêrmei hat Jakob oant no ta alle wedstriden yn Súdwest ferban ta in goed ein brocht. Klasse!
Dochs koe Easterein it net hâlde, al hiene guon de blierren op'e fingerseinen. Ultsje, Geart, Lolke, Gerryt en Klaas ( as lêste om hast tolve oere) hellen noch remise, mar de rest hie yntusken de holle op it boerd lein. De totaal útslach fan 8 - 16 foar Offenwier docht net alhiel rjocht oan de faak spannende en ynearsten ek lyk opgeande partijen, mar de punten telle fansels .
Wol der oars noch wol ris in skimpskoat út'e pinne komme , diskear sa mar. Want it wie in sportief kamp, in sympatike ploech dy't ek noch even tiid die om nei te praten en boppedat wiene se gek op ús gehakballen, dêr't wy foar in part op draaie. Dat de foarsitter yn't foar de stadige strikers fan Easterein hjitten hie perfoast net te winnen om't oars promoasje driget, hoecht Offenwier net te witten.
DURK SNOAD MAKKET REGAAD!
Damklup DOS, Easterein. Durk van Beem reizge tiisdeitejûn wer o sa op't skik nei syn Reinskje yn Wommels. Koartlyn hiene se der tegearre noch ien op nommen om't Durk de regearjende kampioen eefkes ûnder it damboerd fage hie. En no hied'er dan, wylst er ek noch in skiif achter stie, de nûmer ien fan dit stuit ta de oarder roppen. Dat wil sizze Klaas Louwsma is op't heden sa blyn as in mol. Ferline wike gie er der ek al op'e kont yn en dat soe dan te krijen hawwe mei dy frekte Ijippen. Nei tiisdei wolle guon lykwols ha dat it ek te meitsjen hat mei bledsjes en beammen.Want sa't er no de houten tsjin it plafond klettere, it like wol in skytaaibûtser . Pas in oere letter hied'er, mei in gesicht as in lege moalsek, it lêste houtsje wer fûn ûnder it lokaal-oargeltsje. Mar it bleau Durk Snoad syn jûn: fan opdonders wurde je grut netwier?
Geart Dykstra en Tsjalling Tjalsma damden in prachtich-moaie partij, op it âlderskerpst . Net ien fan beiden die belies en de útslacht fan 1-1 wie dêrom de juste. Germ Stilma begjint aardich te garjen. Healwei de partij tsjin Lolke Bouma stie alles noch yn lykwicht en doe wie it wer sa fier. Je kinne dêr de lêste wiken mei Lolke fergif op ynnimme. Dan jout er him samar wei. Men begrypt net dat sa'n man der in saak op nei hâlde kin. Of soe der op de klup dêrom alle wiken meters leverwoarst trochgean?
Pieter Hiemstra, net iens hielendal fit, hie Harm Bergsma yn'e skjirre. Elk in daam, mar Pieter hie ek noch trije houten tsjin Harm neat. Eins is it dan wûn spul. Mar nei in lyts fersin koe Harm dochs noch in houtsje master meitsje en waard it remise.Ek Ultsje Bouma en Gerryt Keuning holden it op remise. Doe wie it wol al hast tolve oere en dat jout wol oan dat it in partij wie mei alles der op en der oan. In spul mei wikseljende kânsen, mar de measte foar Gerryt. As er wat minder skruten west hie en earder trochpakt, dan hie Ultsje mei lege hannen en wiete fuotten by Pytsy op bêd rekke .
K. Louwsma
De slotjûn fan DOS Easterein
In bjusterbaarlik barren soe Wiegel wol sizze.
Sjoch se sitten, de dammers. Nei in lang winterskoft fan harsenskrabje de ein yn'e bek en de eagen skean yn'e holle. Allegearre oan ien kant fan'e rige tafels en lyk dêr foar oer harren froulju; ek as se net damje moatte se in opponint hawwe. De froulju, oppoetst lyk as de blinkende wikselbekers, mei elk in grutte tas neist de stoel; guon binne op de fyts, net fanwegen in mooglike drankkontrôle, mar om't dêr in noch gruttere tas op sit. Wat dat betsjut?Wol, sjoch de tafels fol blik en bekers (dêr't je de sokken wol yn waskje kinne), de útstalling fan ditten en datten foar de bingo en de ferlotting of foar de Amerikaanske ferkeap. Begearich as bern en mei in skalk each wurdt al in kar makke en hifke hoefolle de tas aanst hise kin.
De feestrede fan foarsitter Geart Dykstra en dan de priis útrikking. Der binne mear prizen as dammers. Guon ha de triennen yn'e eagen, as se de wûne beker nei in stichtlik wurd fan Rein Strikwerda oan it hert drukke. Yn'e haadklas is Ultsje Bouma treds, Harm Bergsma twads, en de nije kampioen hiet fan Klaas Louwsma. De earste klas kriget yn Lubbert Stuiver in nije kopman, Jacob Greidanus einiget as twadde en Lolke Bouma treds. By it groepke-damjen wiene de winners Ultsje Bouma, Lubbert Stuiver, Tsjalling Tjalsma en Rein Strikwerda. Yn'e Súdwesthoeke- kompetysje giet de wikselbeker fan it earste achttal nei Klaas Louwsma en yn'e earste klasse nei Jakob Greidanus. Beide lieten har net ien kear ferslaan. En net foar it earst, want ek beide meie de wikselbekers definityf hâlde. De Hoofdplaats hat it dêrom mar wer bêst dien.
De Bingo, de ferlotting, in fermaaklike fertoaning. De mouwen binne yntusken opstrûpt. Jan Rispens dy't trije kear in priis foar him sels lûkt. Marie dy't in priis net sinniget, mar dy wol har eigen Lubbert yn'e mage splitst, lotten mei oaren ruilje en dan sjen dat dêr krekt in dikke priis op falt. De haadpriis, in grutte koer mei boadskippen falt Tsjallings Jitske yn'e skoat. Tegearre kinne se dêr it simmerskoft krekt mei trochkomme. Gjin ien hat neat wûn, it liket wol in bedieling. De tassen dogge tsjinst.
Alles kin hjir net sein wurde fansels, mar it is wille en gekjeie, it naait der betiden út. En dat op in jûn fan'e damklup, mei dy evenredige en bedachtsume minsken. Sa te sjen hat noch gjin ien fan dy stadige strikers de môge yn'e bonken. De froulju? Yn elk gefal krijt Jan alfêst nachtpermissie fan syn Anne foar it kommend seizoen: hy leit nea stiller as út damjen wei. Noch eefkes dit. Spitich dat Pieter Hiemstra it ófwitte litte moast - sterkte Pieter! - en lang leve ús sponsor Spar De Jong!
1. Der wurdt foar my tocht (Ut de krante)
EASTEREIN - By damclub DOS yn Easterein fan 'e wike it folgjende. „Sjoch en no moatte jo slaan en dan doch ik dy en dan moatte jo sa”, sei Geart Dykstra. Jan Rispens seach him oan en antwurdde: „Dêrom bin ik no sa stom bleaun, der wurdt altyd foar my tocht”! Geart hat de partij al wûn, mar jo koene sjen dat it him suver yn 'e wei wie.
Wa't ek net alhiel lekker neisiet wie Lolke Bouma. Yn in winnende stand hie hy him ferrifelje litten troch Harm Bergsma. Dy fielde him net sterk, mar wie wol slim. Doe't Harm seach dat er der op 'e kop yngong, smiet hy syn grutte hân nei foaren en sei: „Ik biedt dy remise oan”.Lolke skrok der sa fan, dat hy pakte daliks de han fêst en seach doe earst - mar wol te let - dat er wûn stie. Hy koe him wol foar de kop slaan, mar dêr krije jo ek net mear harsens fan.
Lubbert Stuiver, de kampioen fan foarich jier, mar no al opsadele mei aardich wat ferliespunten, mazzele tsjin Germ Stilma. Germ, dy't hieltiid better op dreef komt, striek tûk en syn spul stie goed op 't boerd. Remise wie wis en faaks siet der mear yn. Mar ien lyts missetsje yn 't einspul en doe krige hy de partij dochs noch oan 'e broek.
Fierdere útslaggen: P. Hiemstra- R. Strikwerda 1-1, K. Louwsma-D. van Beem 2-0, Tj. Tjalsma-Jac. Greidanus 2-0
2. Jacob Greidanus reuzendoder (Ut de krante)
EASTEREIN - Wat sil Jacob Greidanus lekker sliept ha. As earsteklasser út Wommels de kampioen fan de haadklasse fan Easterein ferslaan. Net mei in gelokje of sa, nee gewoan earlik mei deeglik posysjespul fan it boerd fage. Syn yell „ik he't wûn” davere dan ek troch Us Gebou.
Lubbert Stuiver wie der raar oan ta, him wachte in minne nacht by Marie. Fan skrik siet er letter oan 'e jonge, dêr't er oars yn spuit. Tafallich mar wol gelokkich kaam dûmny noch eefkes lâns en dy hat him geastlik wer wat opkalfaterje. Mei de rie fan syn 'schuivende schijvenfreonen’ om thús earst mar de pet troch de doar te smiten, is hy rûnrêgich ôfset.Lolke Bouma moat jûns earder op bêd. Foarige wike tsjin Klaas Louwsma soe der in pracht kombinaasje ôfrûne mei in dikke daam. Mar hy seach ien houtsje oer de holle en stie daliks trije achter. En fan 'e wike tsjin Geart Dykstra, foarige wike knap remise tsjin Lubbert, hellet er datselde wer út, al koe er diskear remise halde. Sa wurdt er noait in echt slachter.
Pieter Hiemstra, de ald strider, damt noch tige tûk en stiet mei boppe oan yn de haadklasse. Syn winst op Ultsje Bouma, twads yn 'e haadklasse, smakke him diskear lykwols tige. Gerjochtigheid neffens Pieter, want it wie in oerwinning fan de arbeider op de boer! Ultsje, net gau fan 't hynder, lake noch wol mar dochs in bytsje as de bekende boer mei pinemûle.
Koprinner Klaas Louwsma, ek al ût Wommels, hie it net al te dreech, al naam er tagelyk twa partijen foar syn rekken. Jan Rispens, de debutant, komt al better yn 't spul, mar koe it net hâlde. En Rein Strikwerda, in gedegen stân op it boerd, naam ien gokje tefolle en krige mei ien in echte sânklapper om 'e earen.
De oare útslaggen: Germ Stilma- Gerrit Keuning 0-2, Durk van Beem-Tsjalling Tjalsma 1-1.
Yn 'e Súdwesthoeke-kompetysje tsjin Sleat moast Easterein mei 15- 11 belies jaan. Spitich mar gjin skande om fan Sleat te ferliezen. Dat by Sleat ek dammers mei diene dy't oars yn 'e offisjele dam- bûn spylje, waard net sa sportyf fûn. Foar Jan Rispens fan Easterein wie it lykwols in bysûndere dei. Hy wûn syn earste partij foar de klup en dat mei 4 dammen.
3. De slachtpartij fan Lolke Bouma (Ut de krante)
EASTEREN. Op’e damjûn fan DOS Easterein rûn it bloed fan’e tafel. Slachter Lolke Bouma hie Rein Strikwerda mei spul sa skerp as in mes yn’e tange en bruts troch syn stellings. Kat yn’t bakje soenen je sizze. Mar Lolke set, nei wat praat oer froulju, in achterkroeper en dêrmei begûn syn selsslachterij.
Rein makket regaad troch tankber gebrûk te meitsjen fan’e frije set. Lolke net op daam, mar seis ien hout achter yn in net mear bêste stân. Mar tsjin tolven wurdt ek Rein gretich; ek hy skood achter in houtsje. Mei in simpele plakker koe Lolke skoan remise meitsje. Hy sjocht it, docht it, seit dat it de ferkear de plakker is en lit dan it hout los. Stom, stom, stom, seit er noch en slacht him dan sels sa foar de kop dat er der net foarwei kin en docht d’oare deis Greet ferslach fan syn achterkroeper. Faaks kin sy noch wat goed meitsje.
Rein wie wol ynnommen mei beide puntsjes, want earder op ’e jûn hie hy him der gewoan ôflulle litten troch Gerryt Keuning. Dat docht him net allinne op it keatsfjild foar.
Ultsje Bouma sloech wer ta. Diskear waard Jakob Greidanus de pineut, hoewol’t dy sterk tsjinspul bea. Wat opfalt oan it spul fan Ultsje is dat hun „sympatisant fan rjochts - fral links út’e flank sterk damt. Tsjalling Tjalsma en Harm Bergsma leinen in spannende partij op it boerd, dy’t yn remise einige. De party gie lang lyk op, mar Tsjalling hie yn’t lêst it bêste fan it spul. Harm is in slow-starter en komt noch wol. Durk van Beem sette mei in wolte- vree-gesicht nei Reinskje ta. Troch in protte ôfruiljen joech hy Lubbert Stuiver gjin inkele kâns yn syn spul te kommen. In folslein lykweardige remise.
Klaas Louwsma kaam tsjin Pieter Hiemstra ek net fierder as remise. De partij duorre hast fjouwer oeren, de koppen kreaken der oer, mar Pieter wie strategysk en posisjoneel sterk as in dyk. Jan Rispens naam it op tsjin it nije lid Wiebe Boersma. Wiebe sei dat er net damje koe. mar dat hindere neat sei Jan, want damje kin wol sûnder harsens. En Jan kin’t witte. Jan wûn it nei in protte gestin wol, maar net ien leaut mear dat Wiebe net earder stikem oefene hat.
4. Harm hat it foar de bakker (Ut de krante)
EASTEREIN - „Harm Wiersma mei dan ferlieze, ús Harm wint wol”, berjochtet damclub Easterein fan’e wike. Hiemstra, net om’e nocht, treds yn’e kompetysje, helle hy mei in moaie set daam, al koste dat wol in pear houten.
Hiemstra seach net dat er dat ding mei ien achter wol wer krije koe, dat hy krige it op’t lêst tige benaud. Jo sjogge soks oan syn moaie rûne holle, dy’t dan aloan mear kleur kriget en hy graait dan ek mear as oars yn’e rjochte krollen om. Doe’t er einliks de striid ferlern jaan moast, sloech er syn rinstok yn’t spul en joech Harm de hân. Dat fan dy stok moat net raar fan tocht wurde: by Easterein giet net ien frustreare nei hûs; men wierret dat daliks út. Sadwaande.
Gerryt Keuning struts ek wer tige wis. Boppedat is hy de beroerdste net. Tsjin Lubbert Stuiver koe hy sa trochrinne nei daam, dat die hy dan ek wol, mar earst joech er sa mar om’e nocht trije houten fuort. Dan ha je al wat oer, want even sa goed waard it remise.
Durk van Beem damt as in lyk. No helle er wer remise tsjin de nûmer twa Uiltje Bouma. Lolke Bouma, wol de hiele wike betiid op bêd, tuinde der likegoed wer yn. Niis tsjin Jakob Greidanus. No sil hy der moarns letter ôf! Geart Dykstra, nei in ûngemak even útstek, is der wer hielendal, sjoen syn knappe remise tsjin Klaas Louwsma. En Tsjalling Tjalsma hie it net al te dreech tsjin Jan Rispens, dy’t sadwaande tiid by de rûs hie om op syn moppetrommel te slaan.
Ornaris moast Easterein yn’e kriich tsjin Skoattersyl foar de Súdwesthoeke-kompetysje. Flak foar de wyn wiene se nei Easterein sylt, mar at se ek mei romme skoat op hús ta set binne, stiet te besjen.
Goed njoggen oere stie it al tsjien tsjin nul foar Easterein, mei wer in herkules fan Jan Rispens. En sa gong it mar troch, de iene winner nei de oare. Easterein der fûl op, Skoattersyl like wol skoatich. Goed alve oere wie it beslikke en moast Skoattersyl de holle yn’e skoat lizze. Lolke en Lubbert beane harren opponinten remise oan en dêrmei wie de totaalstân 22-2 foar Easterein. Skoattersyl hie noch noait sa dik ferlern.
Colofon
Archief Damclub DOS