Konkoersen en Festivals
Konkoersen en festivals:
Fanôf it earste bestean fan de korpsen wurde der al konkoersen en festivals organisearre. Yn de tweintiger jierren tilde it op fan de konkoersen. Tal fan korpsen betochten doe har 25-jierrich bestean en dat moast fierd wurde, leafst mei in konkoers.De konkoersen ha altyd in wichtich plak yn it bestean fan Wilhelmina ynnommen. Oant 1967 fûnen de konkoersen bûtendoar plak. Mar de simmer mei de tanimmende fakânsjes wie gjin gaadlike konkoerstiid mear. Fan 1968 ôf wurde de simmerkonkoersen yn novimber yn de seal hâlden.
(Jan Hiemstra)
Bron: Wilhelmina 1898- 1998 fan M.L. de Boer
Colofon
Argyf Wilhelmina.
Boek: Wilhelmina 1898 - 1998 van M.L. de Boer