Boek Easterein door de eeuwen heen


Boek Easterein door de eeuwen heen
©: Karin Everhardus

Karin Everhardus skreau it boek: Easterein door de eeuwen heen (Nederlandstalig)


Easterein of Easterein, in Frysk doarp, leit middenmank greiden en flak lânskip, dêr't hjir en dêr in pleats leit en kij op it lân weidzje. Yn dit boek wurdt Eastereins skiednis ûntbleate oan de hân fan de strjitnammen. It begjint ynliedend, wêrnei’t út it middelpunt wei - dêr’t de tsjerke stiet - in ‘tocht’ troch it doarp folget. Wandel mei, fan wyk nei wyk en fan strjitte nei strjitte, lês oer de histoarje dy't derby om de hoeke sjen komt, bliuw efkes stilstean by markante gebouwen en eardere bewenners. In ferhalebondel mei ferhelderjende plattegrûnen, ôfbyldingen en anekdoaten, yn in luchtige styl. 

Oer de auteur 
As bern al skreau Karin Everhardus mearkes en ferhalen. Dêrby wie hja fan jongs ôf oan in ferfint boeklezer en ûntwikkele se in foarleafde foar skiednis. Dizze passy kaam ta bloei neidat sy nei Fryslân ferhuze wie, dêr't se begûn mei skriuwen foar de ‘10 foar8 ' rubryk fan Tresoar, in Frysk dokumintaasjesintrum yn Ljouwert. Letter ferskynden der stikjes skiednis fan har hân yn it moanlikse doarpskrantsje fan Easterein, en út en troch skriuwt se in ‘Dat wie doe’ foar in regionale krante. 

‘Dat wie doe’, sizze se yn Fryslân, ‘Dat wie doe’

Colofon

Karin Everhardus

© Tekst: Karin Everhardus © Foto voorblad: Karin Everhardus
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’sDokuminten