Alde Dyk
De Alde Dyk wie in net ferhurde lânwei. Oant 1843 wie it de iennichste ferbining oer lân tusken Wommels en Easterein. Dat feroare bij de oanliz fan de nije, folle koartere en ferhurde "Wommelserdyk". De Alde Dyk hold fanôf doe foaral de funksje fan ûntslútingspaad foar alle oanlizzende stikken lân. Bij de ruilverkaveling is de eigendom oergongen nei de gemeente, en yn 1995 is der in skelpepaad op oanlein om te kuierjen. De Alde Dyk is opnommen yn de route fan it Sint Odulphus paad.
Colofon
Boek