47. Fuortset ûnderwiis
Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Fuortset ûnderwiis
Yn de nei-oarlochske jierren waard it jierliks om kertier foar achten drokker op it plein by kafee Bergsma. Dan kamen der fan alle hoeken en kanten bern mei in boeketas efter op de fyts, der ‘t de skoalboeken, in tromke bôle en in fleske drinken ynsieten. Dizze bern moasten nei Snits. Letter kamen Boalsert en Wommels der by.
De learplicht
Neffens de learplichtwet suorre sûnt 1942 it ferplichte learen acht jier. Dan hiene je it oer de legere skoalle en dêr hearde de beukerskoalle net by. Yn de praktyk kaam it der op del dat bern fan seis oant fjirtjin jier nei skoalle moasten en dat wiene dan de klassen 1 oant en mei 8. Guon gongen earst nei acht jier fan skoalle, mar der kamen hieltyd mear dy ’t trochlearden. De ploech nei Snits waard dêrom elk jier grutter.
De net-trochlearders
Op it plattelân wie it jierrenlang gewoan dat in grut tal, foaral arbeidersbern, oant 14-jier ta op skoalle sieten. Dat kaam sels noch yn myn legere skoaltiid tusken 1949 – 1955 foar. Under dizze learlingen wiene der dy ‘t ‘normaal’ leare koene, mar der wiene ek sittenbliuwers by dy ‘t net fierder as de fiifde of sechsde klasse kamen. ‘Master moast him mar mei dizze learlingen rêde’ waard der dan sein. It waarden de bern dy ’t de putsjes (=klusjes) op skoalle diene. De famkes joegen de blommen wetter en setten kofje; de jonges legen de prullebakken en setten it jiskefet by de dyk.
Sadree se fjirtjin jier waarden mochten se fan skoalle. Dan waard it libben ‘leuk’. Se koene oan it wurk en jild fertsjinje! De jonges by de boer, op it fabryk of by in baas. De famkes waarden ‘faam’ (=dienstmeisje) by de boerinnen en de dokters-, dûmny’s- en direkteursfroulju. Boerefaam wiene se meastal net allinne yn de ‘foarein’ (=woongedeelte) mar ek yn de ‘efterein’ (=bedrijfsgedeelte), want melke en bushimmelje hearde by it wurk. Woene se dit allegearre net, dan koene se somtiden nei in ‘deftige mevrouw’ yn de stêd.
De trochlearders
De trochlearders gongen nei de ulo, de ambachtsskoalle, de lânbouskoalle, de húshâldskoalle, it stedelik gymnasium, de Ryks HBS of it Bogerman-lyceum. Der gong noch mar in inkeling nei Wommels, want lang net alle Eastereiners hiene it botte stean op ‘dy’ lytse grifformearde twamans-ulo. Healwei de fyftigerjierren waard dit hurd oars en gong it grutste part fan de seisde klassers nei Wommels.
De skoalkar (=keuze)
Nei hokker skoalle de bern gongen hong noch sterk ôf fan it nêst der ’t se út kamen. De bûterdirekteurebern gongen nei de Ryks HBS, de boargemastersbern nei Bogerman, wa ’t dominy wurde woe nei it gymnasium, de arbeidersbern nei de ambacht- of húshâldskoalle, de boerebern nei de lânbouskoalle, de middenstânbern nei de ulo. De tiden waarden lykwols oars sadat soks net allegearre mear fansels spruts. It waard hieltyd ‘normaler’ dat bern dy ’t goed leare koene nei de skoalle gongen dy ’t by harren hearde. Mar dochs …..
De ambacht- en de húshâldskoalle
Benammen op ambacht- en húshâldskoalle bedarren bern dy ’t wol wat ‘mear’ kinnen hiene. Guon dêrfan ha dat letter troch jûnsstúdzje berikt, mar dy wei wie, neist it deistige wurk, swier. Doe ’t mei Simmer 2000 myn âld buorjonge Auke Bouma by ús op besite wie (de húshâlding fan Sikke en Durkje wie yn 1959 nei Australië ferfearn) fertelde Auke my dat se yn Australië net leauden dat in jonkje fan 15-jier sokke goede boutekeningen makke hie op de leechste foarm fan technysk ûnderwiis. Hy hie syn tekeningen fan de ambachtsskoalle meinommen.
Op reis
As de ploech kompleet wie koe der fuortfytst wurde. Foar elkenien begûn de skoalle op healwei njoggenen. It fuortgean levere striid op: wa moast foarfytse! Faaks loste dit probleem him ‘fansels’ op as de ploech út Wommels der oan kaam en der by oansletten waard. Meastal wie dy ploech oan de lette kant en kaam it derop del dat de famkes it harren oanseagen en mar fuortgongen, mei de jonges de efteroan. Underweis namen de jonges de kopposysje oer, want waar of gjin waar, je moasten op tiid komme. Der ried wol in bus, mar dêr gongen je net mei, dan wiene je in suertsje. Moai waar, reinwetter, stoarm, winter, snie, glêde diken; it makke net út der waard fytst. Aldelju dy ’t de bern mei de auto nei skoalle brochten bestiene noch net!
De reis ferrûn net altyd like noflik. As it reinde moasten de oaljepakken oan. Kamen je dan op skoalle dan moast de brot op de heakken yn de gong om op te drûgjen.
Komplikaasjes
Net allinne it waar levere komplikaasjes op mar ek de fytsen en de tocht. It wiene gjin lúkse fytsen mei in tal fersnellingen. Mei goede bannen en ljocht wiene je al tefreden. Dochs krige geregeld ien fan de fytsers in lekke bân. Underweis plakke wie gjin opsje. Ien fan de gruttere jonges fytste dan mei twa fytsen en it ‘slachtoffer’ bedarre op in pakjedrager mei ûnder elke earm in boeketas.
Der waard yn guozzeformaasje fytst om de wyn de baas te bliuwen. De hiele breedte fan de dyk waard brûkt en dan koene je mei de plysje te meitsjen krije kinne. Dy plysje besocht (=probeerde) de fytsende jeugd yn de stokken te hâlden (=in het gareel houden). Yn de groep waard skerp útsjoen as de plysjemannen harren ‘ferdekt’ opsteld hiene, want dan moast der fuortendaliks twa by twa fyts wurde. Meastal slagge dit en waarden de ‘mannen’ joeljend foarby fytst. De plysjes lieten harren lykwols net foar de gek hâlde; se hiene noch altyd it rjocht om wa dan ek oan te hâlden en dan folge der in fytskontrôle. Je kinne fan tinken wol ha dat der oan sa ’n stel fytsen it ien en oar mankearre. It kaam selden ta in bekeuring, mar de ‘alternative’ straf wie dat der mei de fyts oan de hân rûn wurde moat. Al rillegau begûnen je dan te autopetsjen en as de plysjes út it sicht wiene waard er fierder fyts.
Sa ’n opûnthâld wie ferfelend. De hiele ploech kaam te let yn Snits. Op de skoallen moast soks dan wer rjocht praten wurde om straf te ûntrinnen.
De weromreis
De weromreis ferrûn foar de measte bern wat ûntspannener. De skoaldei siet der op en der wie gjin tiidsdruk. De skoallen kamen net op deselde tiid út en dan fytsten der faaks lytse keuveljende ploechjes of ienlingen nei hûs. It foarútsjoch dat mem de tee klear hie lake de measten oan. As dat ek sa wie mei de gedachte dat der ek noch húswurk ‘dien‘ wurde moast wit ik net.