2e Kr. skoalle


2e Kr. skoalle
©: Jetske Santema

De twadde Kristelike skoalle yn Easterein waard oprjochte yn 1870. It gebou waard setten troch Johannes Pieters Dijkstra, Meester timmerman te Welsryp, foar de som fan fl. 2395,-  G. Koster krige it ferverswurk foar fl. 98,- De skoalle kaam te stean op de grûn fan Rienk Reinders Sybrandy, de grûn waard foar 12 jier hierd.

Op 17 oktober 1870 waard de nije kristlike skoalle yn dit gebou iepene. Om ien oere sieten master Langhout en de bern al yn it lokaal en om twa oere wiene der goed 300 ! belangstellenden om de iepening troch ds. W.A. Becking (1813-1872) by te wenjen.

De oantekens fan it skoalbestjoer jouwe oan, " dat grooten en kleinen verheugd waren en onderscheiden malen daaraan lucht gaven in het gezang. Tot laat in de avond duurde de feestvreugde voort. Toen eindelijk het uur van scheiden sloeg, werd de vergadering met gebed en dankzegging gesloten". 

Yn 1870  giene der 75 bêrn nei skoalle. Yn 1882 wiene dat der al 106 en it gebou waard te lyts. De hier fan de grûn waard opsein en it gebou waard ferkocht foar fl. 1400,-  De skoalle ferhuze nei in nij plak, 40 meter fierderop, yn wat letter it ferieningsgebou fan Easterein waard; Us Gebou.

Nijsgjirrich is it dat haadmaster Langhout sels de skoalle foar fl. 15,- yn it jier skinmakke. Dêrneist wie er oargelist en koster foar fl. 250,- yn it jier. It wie in drok baaske, mar út weelde sit it net west ha.

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s