21. Yn en om Easterein (winterwille) troch Jan Hiemstra


21. Yn en om Easterein (winterwille)  troch Jan Hiemstra
©: Jan Hiemstra

 
1. Jannewaris 1963 rjochting westen.

Wat kin der moaier as winter wêze! Gjin winter sizze al dy minsken dy ’t der net fan hâlde en der allinne mar lêst fan ha. Mar wat ha ik yn de earste helte fan febrewaris 2021 genoaten fan de pear winterske dagen wêrby der wer op it bûtenwetter riden wurde koe. Ik moat it tajaan, it wie te koart en it iis wie min, mar der kaam by my in gefoel werom doe ’t ik yn jannewaris 1963 de Eastereiner toer beklommen hie en stikem de lûken der ’t de flagge troch op de toer kaam der ôfhelle. Dat hat in pear prachtige plaatsjes oplevere der ’t ik no noch mei wille nei sjoch. It is wol dúdlik hokker kanten fan it doarp dit binne. It is nei it westen rjochting 


   



2 Jannewaris 1963 rjochting easten.

Wommels en it is nei it easten rjochting Meilahuzen, de pôle seine wy meastal. Yn beide gefallen is it fergelykjen mei de situaasje krapoan 60 jier letter nijsgjirrich. Ik soe sizze: sykje de ferskillen en ha it der dan efkes oer. Lit de minsken dy ’t dit noch meimakke ha harren ferhaal dwaan oan de minsken fan no. De foto nei it easten mei de Skippersbuorrenfeart derop ha ik earder alris brûkt foar de searje Snypsnaren, mar ûndertusken binne der safolle nije Eastereiners dat dit kinne moat! 1963 waard it jier fan de dreechste Alvestêdentocht ea. Fan de 9294 dielnimmers oan de toertocht kamen der mar 69 oer de finish. As je goed sjogge falt it op dat der Eastereiners miskien wol foar de ‘tocht’ oan it trainen binne! De baan leit der troch en de minsken binne ûnderweis nei de Frjentsjerterfeart om dan rjochts ôf rjochting Snits en links ôf oer Rien, Littens en healwei Wommels ôf te slaan om oer de Sebeare wer yn Easterein te kommen.

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen