100 jierrich jubileum fan de Kristlike fanfare Wilhelmina


100 jierrich jubileum fan de Kristlike fanfare Wilhelmina
©: Folkje Marijke Visser

1998 – 100 jierrich jubileum (dirigint Marten van der Wal) 

Reis nei Helgolân musical

Yn it earste wykein fan maaie 1998 set in bus fol muzikanten en fans ôf nei Wilhelmshaven (Noard Dútslân) om dêr op de fearboat te stappen rjochting Helgolân. Jubilearend korps Wilhelmina út Easterein is útnoege by it 3-jierlikse moetingswykein fan de Ost- en Westfriezen (Cultureel Festival) “Friesen droapen ip LUN” (Friezen moetsje elkoar op LUN Helgoland). Ien kear yn de trije jier wurdt op Helgolân dit Friezen-moetingswykein hâlden.

Yn 1995 wiene Folkje Visser en Durkje van der Eems (beide Wilhelminaleden) nei sa’n wykein west. Sy betochten doe dat it miskien wol in idee wêze koe om mei it korps yn it jubilemjier 1998 mei te dwaan oan sa’n kultureel wykein. Ien kear wer yn Fryslân is der fuortendaliks kontakt socht mei de Ried fan de Fryske Beweging om te ynformearjen as Wilhelmina yn it kader fan har 100-jierrich bestean kâns makke om ûnderdiel te wêzen fan it Friezen wykein op Helgolân. Der waard yn earste ynstansje ferheard op reagearre omdat it pas oer 3 jier safier wie. Mar lang om let krige it korps grien ljocht en mochten se derhinne. 

It is oer alle boegen in boppeslach west. Trije optredens t.w.: yn it sintrum fan it stedtsje, sneontejûns in feestlik optreden yn de grutte sporthal, sneintemoarns de tsjerketsjinst begelieden. De oernachtings wiene yn in jeugdherberg. Der koe omraak alcohol, sigaretten, parfums ensfh. ynkocht wurde want Helgolân leit bûten de territoriale wetters en is dus belestingfrij. It wykein wie fan freed 1 maaie oant snein 3 maaie. In hiele happening yn it jubileumjier.

Poche en Blaze

Twadde grutte happening wie de musikal Poche en Blaze, nei in idee fan Hindrik van der Meer. Hy hat ek it skript skreaun. Folkert Verbeek makke de lietteksten en Hindrik van der Meer sette se op melody. Marten van Wal (dirigint) hat alle lieten arranzjeard. De musikal bliek in grut sukses te wêzen en is fjouwer kear opfierd yn de sporthal fan Easterein t.w. op 26 (premiére) 27, 28 en 29 novimber 1998.

It ferhaal is eins in blaudruk fan hoe’t it yn de measte korpsen om en ta gie. Der binne faaks meardere persoanen út ien húshâlding dy’t in ynstrumint bespylje. It sit blykber yn genen, giet oer fan de iene generaasje op de oare. De konkoersen binne hichtepunten. Rivaliteit ûnderling mei oare korpsen. Meastal gedoe oer de punten. En it âlder wurden fan leden dy’t it net mear bysloffe kinne. Mar wannear is it safier om it ynstrumint yn de wylgen te hingjen. Dat falt noch net mei. Dit binne allegear yngrediënten fan musical Poche en Blaze. 

Wilhelmina koe mei rjocht en reden weromsjen op in tige slagge jubileumjier wêr’t no noch altyd oer praten wurdt.

© Tekst: Folkje Marijke Visser © Foto voorblad: Folkje Marijke Visser
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’sDokuminten


1 | 2