Nieuws: Uitgelichte vensters:Dokter Hofstee Ut it libben fan dr. Hofstee (Sjoch ek it filmke dat bij dit finster heart) Pieter Eltjo Hofstee (1905 -1961) troud mei Anke Cornelia Bolt (1912 -2006) kaam yn maart 1935 as opfolger fan dr. Christiaan Bernardus Wilhelmus Verweyde nei Easterein. It earste bern dat er op'e wrâld holp is Jan van Eijck (* 1935) út Itens. Hy krige in sparbankboekje mei fl. 10 gûne. Yn novimber 1935 waard Hofstee beneamd ta gemeente genêshear tegearre mei CH. B.W. Steenvoorden. Se wiene gersprekspartner foar de wethâlder dy't oer de folkssûnenssoarch gyng, en krigen hjirfoar in bydrage út de gemeentekas. It wie gjin fetpot yn dizze perioade. Hofstee hie konkurrinsje fan de dokters út Wommels. Dêr sieten Nammesma en Stoffelsma. Dat sil ek krap west hawwe. Dus Stoffelsma dy't ek in "earmepraktyk" hat, hâldt sitting yn Easterein. Op de Wynserdyk yn it hús fan de famylje Rienstra. Dat is Wynserdyk 11. It eardere tsiispakhûs. Dokter Hofstee is in moderne dokter. Hy rjochte it konsultaasje buro op. It foel ûnder it griene krús. Earst yn de bewarskoalle op it Skilplein. Letter oan de fan Eysingleane by him thús. Dat is te sjen op de Schnitzelbank. Der hat in grut ôfskiedsfeest west fan it doktersechtpear, want de minsken wiene tige wiis mei harren. Der is in schnitzelbank en in wandboerd fan Makkumer ierdewurk oanbean troch alle doarpen dêr't Hofstee wurksum wie. Boargemaster J. van Hout wie oanwêzich en de lieding wie dy jûn yn hannen fan H. Bootsma. Hofstee waard skoaldokter yn Zuidhorn. Se binne sûnder bern bleaun en de Schnitzelbank en it boerd binne fia in nicht fan frou Bolt yn besit kaam fan Doarpsbelang Easterein. Wat is in Schnitzelbank In Snitzelbank kin je omskriuwe as in film op in lange rôle behangpapier. Dizze waarden om 1945 hinne in soad makke foar trouwerijen en yn dit gefal ek foar it ôfskied fan Hofstee. De tekener fan dizze Snitzelbank is Migchiel Hiemstra berne op 14 -7-1891 yn Wommels en stoarn 28 -5-1975. Syn frou Marijke (Maria) Dantuma (1888 - 1953) komt út Easterein. Hiemstra is hússkilder fan berop. Hy wie in learmaster foar in soad minsken. Dêrneist koe er moai skilderje en houtsnijen. Hy makke faker Snitzelbanken yn opdracht. Lees meerTekst: © Berend Santema Foto: © Foto's anneks skoalle Yn dit finster stean allegear foto's dy't op ien of oare wize ferbân hâlde mei skoalle. Lees meerTekst: © Jetske Santema Foto: © Jetske SantemaTsiispakhuzen Easterein Der binne op dit stuit noch fiif gebouwen dy 't earder tsiispakhûs wiene. It binne hege huzen mei in grutte souder. Der wie in wenning ûnder it pakhûs. Men kin se weromkenne oan de rûne booch ramen boppe yn de wenningen. De tsiispakhuzen tsjinnen as opslach foar de tsizen dy 't de boeren sels makken. Sy brochten de tsizen nei dizze gebouwen en fan dêrút waarden se nei de merk yn Snits Boalsert en Ljouwert brocht. De pakhuzen stiene allegearre oan it wetter, it ferfier gie yn dy tiid fia it wetter. Mei de opkomst fan de suvelfabryken (Yn Easterein wie dat yn 1897) kaam der in ein oan dit tiidrek.Lees meerTekst: © Foto: © OnbekendBranspuit hok It brânwachthok is yn opdracht fan de Tsjerkfâlden boud op it achterhiem fan it Café, Herberg en Trochreed om de brânspuit in better plak te jaan as by de tsjerke. De ferantwurdlikheid foar de brânwacht lei dus by de tsjerkfâdij. En dat is bysûnder om't op de measte doarpen dizze taak by de gemeente lei. Yn it finster in byld fan de spuit en fan de stalling. Neist foto's binne der ek twa dokuminten oan dit finster tafoege.Lees meerTekst: © Foto: © Easterein fanút de loft. Hjirby in tal foto`s dyt Easterein fan "boppe" sjen litte. De measten binne fanút de toer makke. Hjoeddedei binne der technysk gâns mear mooglikheden om echt fanút de loft it doarp te fotografearjen of te filmjen. Lees meerTekst: © Foto: © Onbekend
Dokter Hofstee Ut it libben fan dr. Hofstee (Sjoch ek it filmke dat bij dit finster heart) Pieter Eltjo Hofstee (1905 -1961) troud mei Anke Cornelia Bolt (1912 -2006) kaam yn maart 1935 as opfolger fan dr. Christiaan Bernardus Wilhelmus Verweyde nei Easterein. It earste bern dat er op'e wrâld holp is Jan van Eijck (* 1935) út Itens. Hy krige in sparbankboekje mei fl. 10 gûne. Yn novimber 1935 waard Hofstee beneamd ta gemeente genêshear tegearre mei CH. B.W. Steenvoorden. Se wiene gersprekspartner foar de wethâlder dy't oer de folkssûnenssoarch gyng, en krigen hjirfoar in bydrage út de gemeentekas. It wie gjin fetpot yn dizze perioade. Hofstee hie konkurrinsje fan de dokters út Wommels. Dêr sieten Nammesma en Stoffelsma. Dat sil ek krap west hawwe. Dus Stoffelsma dy't ek in "earmepraktyk" hat, hâldt sitting yn Easterein. Op de Wynserdyk yn it hús fan de famylje Rienstra. Dat is Wynserdyk 11. It eardere tsiispakhûs. Dokter Hofstee is in moderne dokter. Hy rjochte it konsultaasje buro op. It foel ûnder it griene krús. Earst yn de bewarskoalle op it Skilplein. Letter oan de fan Eysingleane by him thús. Dat is te sjen op de Schnitzelbank. Der hat in grut ôfskiedsfeest west fan it doktersechtpear, want de minsken wiene tige wiis mei harren. Der is in schnitzelbank en in wandboerd fan Makkumer ierdewurk oanbean troch alle doarpen dêr't Hofstee wurksum wie. Boargemaster J. van Hout wie oanwêzich en de lieding wie dy jûn yn hannen fan H. Bootsma. Hofstee waard skoaldokter yn Zuidhorn. Se binne sûnder bern bleaun en de Schnitzelbank en it boerd binne fia in nicht fan frou Bolt yn besit kaam fan Doarpsbelang Easterein. Wat is in Schnitzelbank In Snitzelbank kin je omskriuwe as in film op in lange rôle behangpapier. Dizze waarden om 1945 hinne in soad makke foar trouwerijen en yn dit gefal ek foar it ôfskied fan Hofstee. De tekener fan dizze Snitzelbank is Migchiel Hiemstra berne op 14 -7-1891 yn Wommels en stoarn 28 -5-1975. Syn frou Marijke (Maria) Dantuma (1888 - 1953) komt út Easterein. Hiemstra is hússkilder fan berop. Hy wie in learmaster foar in soad minsken. Dêrneist koe er moai skilderje en houtsnijen. Hy makke faker Snitzelbanken yn opdracht. Lees meerTekst: © Berend Santema Foto: ©
Foto's anneks skoalle Yn dit finster stean allegear foto's dy't op ien of oare wize ferbân hâlde mei skoalle. Lees meerTekst: © Jetske Santema Foto: © Jetske Santema
Tsiispakhuzen Easterein Der binne op dit stuit noch fiif gebouwen dy 't earder tsiispakhûs wiene. It binne hege huzen mei in grutte souder. Der wie in wenning ûnder it pakhûs. Men kin se weromkenne oan de rûne booch ramen boppe yn de wenningen. De tsiispakhuzen tsjinnen as opslach foar de tsizen dy 't de boeren sels makken. Sy brochten de tsizen nei dizze gebouwen en fan dêrút waarden se nei de merk yn Snits Boalsert en Ljouwert brocht. De pakhuzen stiene allegearre oan it wetter, it ferfier gie yn dy tiid fia it wetter. Mei de opkomst fan de suvelfabryken (Yn Easterein wie dat yn 1897) kaam der in ein oan dit tiidrek.Lees meerTekst: © Foto: © Onbekend
Branspuit hok It brânwachthok is yn opdracht fan de Tsjerkfâlden boud op it achterhiem fan it Café, Herberg en Trochreed om de brânspuit in better plak te jaan as by de tsjerke. De ferantwurdlikheid foar de brânwacht lei dus by de tsjerkfâdij. En dat is bysûnder om't op de measte doarpen dizze taak by de gemeente lei. Yn it finster in byld fan de spuit en fan de stalling. Neist foto's binne der ek twa dokuminten oan dit finster tafoege.Lees meerTekst: © Foto: ©
Easterein fanút de loft. Hjirby in tal foto`s dyt Easterein fan "boppe" sjen litte. De measten binne fanút de toer makke. Hjoeddedei binne der technysk gâns mear mooglikheden om echt fanút de loft it doarp te fotografearjen of te filmjen. Lees meerTekst: © Foto: © Onbekend