Wynserdyk, It Steechje
It Steechje ferbynt de Wynserdyk mei de Grieneleane. It grutste part fan de wenningen dy 't oan it Steechje boud binne, hearre by de Wynserdyk. In pear huzen tsjin de Grieneleane oan, hearre by de Grieneleane. Om't de huzen 7 oant 27 by de Wynserdyk hearre, komt de nûmering fan de huzen oan de linkerkant (fan it kafee ôf nei Hidaard) folle heger út as oan de rjochterkant. Links is húsnûmer 55 it heechst, rjochts is nûmer 30 it heechst.
Krekt foarby hûsnûmer 7 stie begjin 1900 in stek as ôfsluting fan it paad. It Steechje hat oant 1960 ûnferhurde west. Yn de jierren 60 fan de foarige iuw is dat feroare. De Gemeente Hennaarderadiel makke de ôfspraak mei de bewenners, as sy de kosten fan it betegeljen op har nimme soene, de gemeente it ûnderhâld oernimme soe.
Paraplu
Healwei it Steechje stiet in bysûnder bouwurk. It wurdt yn de folksmûle de Paraplu neamd. Dat is te tankjen oan de foarm fan it dak. It binne 4 huzen ûnder ien dak.
Colofon
Boek Easterein