Wynserdyk 55


Wynserdyk 55
©: Jetske Santema

Romsicht

De pleats is boud yn 1921 yn opdracht fan Johannes (Wiebrens) Santema Gehuwd mei Trijntje Rienstra. De pleats is in kopy fan de pleats op de Streek 13. Dizze pleats op de Streek wie destiids yn eigendom by de Herfoarme Tsjerke fan Easterein. Wiebren (Johannes) Santema hierde dizze pleats. Syn soan Johannes (Wiebrens) Santema waard troch de tsjerkeried lykwols net ‘ swier' genôch befûn om de hier oer te nimmen fan syn heit. Dêrom kocht syn heit in perseel greide oan de Wynserdyk, dêr 't Romsicht op boud is. De grûn kaam út de boelferkeap fan lân fan Wynserdyk 26. Al gau folgen de krisisjierren en der hearske oeral earmoed. De molke levere mar in ' botsen ' (2,5 sint) de liter op. Johannes hat de fûneminten foar de bou fan de pleats sels groeven. Yn de fette knipklaai wie dat in hiele put. Om jild te fertsjinjen wurke er ek foar oare boeren. Nachts om fjouwer oere sette er ôf om te meanen. Hy bûn lapen om de hoeven fan it hynder, sadat de minsken út it doarp it net hearden. Fan in pachtbedriuw nei in eigen bedriuw die bliken yn de krisisjierren in swiere ûndernimming te wêzen. Syn iennichst bern, soan Wiebren, kaam meiwurkjen op 'e pleats en folge him yn 1954 op. Wiebren en Johanna krigen 6 bern. De tredde soan Berend Jan Santema folge him op. Fan 1980 ôf is it bedriuw as njonkenbedriuw fuortset. De melkkij waarden ferfongen troch jongfee opfok, en letter troch skiep. Yn 2021, doe 't de pleats 100 jier âld wie, is in folgjende generaasje Santema op de pleats kaam. Jehannes Wiebren Santema is de 4e generaasje dy 't op Romsicht wennet.

Groanologyske folchoarder:

It lân is kocht troch: Wiebren (Johannes) Santema (*1856-1927 ) troud yn 1890 mei Wiepkje (Jacobs) Riegstra (*1866-1935) Se wennen op de Streek 13.  Se krigen twa bern dêr 't de earste Johannes nei 9 moanne fan stjêrt. De twadde Johannes bliuwt yn libben en bout Romsicht. Yn 'e berteakte fan Jehannes stiet dat er koemelker is.

De pleats is boud yn1921 troch:Johannes (Wiebrens) Santema (*1896- 1962)  troud in 1921 mei Trijntje (Johannes) Rienstra (*1895-1947) Se krije mar ien soan, Wiebren. 

Opvolging yn 1954: Wiebren (Johannes) Santema (*1922-1995) troud yn 1946 mei Johanna Hogeboom (*1922-2002 )

Opvolging yn 1980 troch: Berend Jan (Wiebrens) Santema (*1950 Easterein) troud yn 1974 mei Jetske Jacoba Tijsma (*1956 te Easterein)

Opvolging yn 2021 troch: Jehannes Wiebren Santema (*1977 Easterein) troud mei Petra Zijlstra (*1977) Se krije trije soanen, Berend Jehannes (*2006) Hessel Meindert (*2007) en Thymen Jetse 2010. 

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s

De ko giet nei de slagter
Johannes Santema hâldt de ko beet (omstreeks 1906) op de buorkerij op de Streek

Disclaimer

Famylje portret 1959
f.l.n.r. efter: Berend, Jehannes, Wiebren Santema. Foar Pier, baby Wypkje op sch

Disclaimer


Op Romsicht wurdt mei it hynder in soad wurk ferset. It heart by it libben op de

Disclaimer


De earste trekker is oanskaft. It is in Hanomag. Berend is 15 jier en rydt der a

Disclaimer


Yn 1975 komme Berend en Jetske Santema op de pleats te wenjen. Wiebren brûkte i

Disclaimer

Bou materiaal
De hokken wurde ôfbrutsen en de blikken platen krije in nij libben om de moest

Disclaimer

Bou jongfé stâl
Der wurdt in nije stâl boud foar de opfok fan jongfé. Der is grutte fraach foa

Disclaimer

De nije pannen komme der op

Disclaimer

1986
De stâl is klear en stiet yn it lân.

Disclaimer

In libbene seisling
Yn 1990 waarden wy ferrast mei in libbene seisling. Dit is in unikum en hjirmei

Disclaimer

Famylje B.Santema 1987 op Romsicht
Foar: Wiebren op skutte bij pake Wiebren, Katharine bij beppe Jo, efter: Jehanne

Disclaimer

It reit is der hast hieledal ôf

Disclaimer

De hushalding Santema 1962
Flnr: Foarste rige: Wypkje, Pier, Jo Santema-Hogeboom Efter: Wiebren Santema, Be

Disclaimer

It reit wurdt der ôfhelle

Disclaimer

De hokken wurde opromme yn 1984

Disclaimer


Yn 1965 wurdt de Hollânske stâl boud troch boubedriuw Veenstra. Foar in grutte

Disclaimer


Wiebren Santema troude yn 1946 mei Johanna Hogeboom. Wiebren moast wol boer wurd

Disclaimer


De buorkerij yn de begjinjierren. De reed nei Wynserdyk 53 wurdt ferhurde mei si

Disclaimer

Jongfeestâl
Boudebriuw Veenstra is de oannimmer. Oanfuld mei eigen ynset en help fan de famy

Disclaimer

Foto fanút de loftballon 2000

Disclaimer

Meane en gershelje
De meanbalke sit oan de trekker. Wiebren Santema en jongste dochter Wypkje komme

Disclaimer

Portret fan de fam. in 1904
De famylje Wiebren (Johannes) Santema (* 3-5-1856) troud mei Wiepkje (Jacobs) Ri

Disclaimer

Reiten tek 2014
It reiten tek is meardere kearen fernijd. Foaral op de sinnekant is it nei 20-25

Disclaimer

Romsicht 2015
Einliks ûnder de pannen

Disclaimer

Romsicht yn de snie

Disclaimer

Romsicht rûn 1922
De pleats yn orizjinele steat. Yn 1921, it jier dat de pleats boud is, is der in

Disclaimer

Skiepestâl
Yn 1988 waard de oerstap nei skiephâlderij ynset. Dat wie ek de passie fan Jets

Disclaimer

It lyts bûthús
Utwreiding fan de stâl mei oanbou fan in lyts bûthús. Fan dat momint ôf kinn

Disclaimer


Romsicht is boud yn 1921 yn opdracht fan Johannes (Wiebrens) Santema (* 31-3-189

Disclaimer