Fjoerwurk/ fjoertonnen
It fieren fan de jierwiksel feroaret yn de rin fan de jierren. Oant om 1980 hinne waard der meastentiids in sloopauto yn de brân stutsen op of bij de brêge foar café Bergsma. Der koe dan in skoft gjin ferkear mear op en del rjochting Wommels. Mar ek lestich foar de plysje, de brânwacht en de ambulânse. Dúdlik dat dit gefaarlik wie en ek de brêge hie bot te lijen fan de hjitte. Elkenien snapte dan ek wol dat dit net mear koe. De brânbult kaam mear sintraal te stean. Dy hat in grut tal jierren by it lykenhofke west. Mar mei hurde wyn barde it op in jier dat de fonkenrein oer de pleats fan Okkema delkaam. It dak wie reitdutsen dus it waard in nuodlike situaasje. De brânbult is dernei ferhúze nei it lân fan Hindrik de Jong. Mar ek dat waard dreech. Der waard ek wolris ferkeard guod op smiten en dat wie net de bedoeling.
Nei alle gedachten hat dat it momint west wêrop 't de Aldjiersploech fûn dat der in oare oanpak komme moast mei mear libben yn de brouwerij. Ien fan de aksjes wie it organisearre fjoerwurk. En ek de aksje fan it begelieden fan Carbid sjitte foar bern / dummies sloeg oan. Fansels moast der foaral in oansprekkende stunt úthelle wurde. Dat kinst lêze, besjen yn ien fan de oare finsters.
Colofon
Archief Aldjiersploech, Face-boek