Tsjerke binnenkant nei restauraasje


Tsjerke binnenkant nei restauraasje
©: Jan Hiemstra

De Martini tsjerke is yn de rin fan de tiid ferskate kearen restaurearre. Yn de 19e ieu is de tsjerke yn't gehiel ommitsele, en binne der steunbearen oan de súdkant pleatst. Ek is it ynterieur doe fernijd en oanpast.

De tsjerke wie doe sa yn ferfal dat der grúte waard dat ôfbrekken miskien wol better wêze soe. Mar gelokkich is it sa fier net kommen. Earst yn 1862 is it gehiel op 'e nij yngreven restaurearre en dat wie ek wol nedich, want de kalk foel fan it plafond. Yn dyselde tiid hat it oargel ek in opknapbeurt hân. De lêste yngrypende restauraasje waard ôfsletten yn 1985, nei't der foar sa'n 1,5 miljoen gûne oan bestege wie. Yn dit finster steane ek in protte foto's fan it ynterieur. Mei de restauraasje is dat botte feroare. It belied rûnom de sitplakken fan eartiids is folslein net mear fan dizze tiid, en dat is yn it ynterieur goed te sjen. 

De sitplakken yn Tsjerke

Hjoed de dei wurdt der net mear sa swier tilt oan fêste en reservearre sitplakken. Eartiids (foar de restauraasje) wie der in systeem fan om in part plakken foar funksjonarissen, ferhierde plakken en frije plakken. De funksjonarissen wiene: - de âlderlingen dy't fan it noarden út links ûnder de preekstoel sieten, - de diakens dy't fan it noarden út rjochts ûnder preekstoel sieten, - de tsjerkfâden dy't yn de hege oerkape bank tsjinoer de preekstoel sieten - kamen je fan de toer kant yn tsjerke dan wie links ûnder it oargel de bank foar de notabelen en rjochts de bank foar de froulju fan de bank dy't nei de bank kamen. Graach oanfulling. De lidmaten koene jierliks in fêst plak hiere. Op 'e fêste plakken koe ynskreaun wurde en de heechste ynskriuwer krige in beskaat plak. De frije plakken wiene der foar ' al de oare tsjerkegongers. Mar dy moasten it net weachje om op in plak fan in funksjonaris of in ferhierd plak sitten te gean. En dan hiene de koster en de oare assistinten ek noch yn eigen plak.

Colofon

Boek Easterein, Foto's F.K. Reitsma en Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s


Links ûnder de Notabelenbank. Rjochts oan de muorre it boerd werop de psalmen e

Disclaimer

Ansichtkaart

Disclaimer

Ansichtkaart fan rûn 1930

Disclaimer

De eardere hearebanken

Disclaimer

Sa komme je yn tsjerke
Op de balke stiet yn de 'Statenvertaling' Mijn sabbathen zult gij houden ende Mi

Disclaimer

Hearebanken foar de restauraasje
De linker hearebank wie foar de tsjerkfâlden.

Disclaimer

Preekstoel
De preekstoel komt út de tsjerke fan Hinnaard. Doe 't dy tsjerke yn de earste h

Disclaimer

De preekstoel
Op de preekstoel leit de âlde iepensleine steatebibel. Oan de preekstoel hinget

Disclaimer

Tinkstien Enne Bruinsma
Bruinsma wie plysjeman yn Easterein en wie in respektearre doarpsgenoat. Tsjin d

Disclaimer

Sicht op it oargel
Dit Hartdoff oargel is út 1870 en yn de perioade 1983 - 1985 restaurearre troch

Disclaimer

Yndieling fan foar de oarloch
Yndieling fan it tsjerke ynterieur foar de twadde wrâldoarloch. Faaks wiene de

Disclaimer

Ynterieur rûn 1935
Rjochts de tichte banken, de lêste dêrfan wie foar de húshâlding fan'e dûmn

Disclaimer

Lampke by de yngong
Noch in origineel lampke sa as de âlderen fan ús noch wol kinne!

Disclaimer

Sa wie de opstelling foar de restauraasje.

Disclaimer

Skoattel boppe de doar

Disclaimer

Sarkofaach
Dizze stiennen deadskiste (sarkofaach) waard yn noviber 1975 yn it tsjerkhôf oa

Disclaimer

Trochsnee mei de stuollen mei in nûmer
De nûmers op de stuollen hiene in betsjutting, want se waarden per nûmer ferhi

Disclaimer

Tafel
Nei de restauraasje is der yn it koar, op sa ûngefear it plak der 't foar de re

Disclaimer

Tekst oan de eastkant boppe de kreake
Ut it brief fan Paulus oan Titus, haadstik 2: 8 'in alle dingen so betwist u sel

Disclaimer

Fan east nei west; fan koar nei toer
De stuollen dy 't hjir steane binne nei de restauraasje oantúgd en skonken troc

Disclaimer

Fan east nei west foar de restauraasje

Disclaimer

Fan west nei east
Sa is de romtelike ferdieling fan de tsjerke nei de restauraasje, mei it sicht o

Disclaimer

Fan west nei east foar de restauraasje
Op dizze dia is klear te sjen hoe 't de oergong fan tsjerke- nei koarromte der f

Disclaimer

Seldsume fliertegel fan likernôch 1250 -1350
Der binne noch twa tegels bekend út de terp Nieuwe Klooster ûnder Skearnegoutu

Disclaimer