1e Iepenbiere Skoalle


1e Iepenbiere Skoalle
©: Jetske Santema

De earste iepenbiere skoalle yn Easterein stie op it Skilplein 1. Untstien mids 19e iuw. Yn 1848 waard de grûnwet oanpast. Underwiis moast frij wêze. Dat waard befêstige yn 1857 met de nije skoallewet. Sa kaam der in iepenbiere skoalle yn Easterein. Yn 1884 is de skoalle oan it Skilplein sluten, om’t der oan de Wynserdyk 39 in nije iepenbiere skoalle boud wie. Troch in werom rinnen fan de learlingen is de skoalle oan de Wynserdyk sluten op 1 april 1934. De bern gongen dêrnei nei Itens nei skoalle. Letter hat de skoalle de funksje krigen as gymnastyk gebou.

Fanút it boek fan Easterein kin men lêze dat de beukerskoalle in protte tiid frege fan it bestjoer. Der wien altyd jild- soargen. Dat spile yn 1957. Doe siet de beukerskoalle noch op it Skilplein. It liket krekt as mankearret der wat oan de administraasje. Om alles better op oarder te krijen, wurde in perforator, in hechtmasine, en in briefordner oantúgd. Ek komt der in (twaddehâns) kasboek fané C.V.O. skoalle. As nije skjinmakker wurdt B. Tuinstra oansteld, foar fl. 280,- yn it jier. Der geane 40 bern op skoalle, it maksimale tal foar ien learkrêft. Sa komt der in wachtlist fan bern. Yn 1961 freget immen yn ir bestjoer him ôf, oft it ek winsklik is om bern dy't dochs nei de iepenbiere skoalle te Itens gean sille, mar fêst te wegerjen op de beukerskoalle. Net earder as yn 1967 komt de bou fan in nije beukerskoalle op 'e tafel. Goed tritich hantekeningen binne genôch om yn 'e simmer fan 1967 it bouwen fan in nije skoalle oan te freegjen. Dit op grûn fan in twa-klassige skoalle. Dat soks net samar gean soe wie neffens ferwachting, mar it duorret oant 1969 foardat alle papieren en hantekeningen foar inoar binne.

Op 28 april 1970 wurdt de bou fan in nije beukerskoalle oanbestege. It plak achter de Griformearde Tsjerke liket tige gaadlik. 

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen