Herfoarme Martini Tsjerke
“Katedraal ûnder de Fryske doarpstsjerken”
De hjoeddeiske Martinikerk fan Easterein (Oosterend) datearret út it ein fan de 14e iuw. Healwei de 10e iuw waard in lytsere tuffoargonger boud en ûntstie it doarp mei de earste hûzen. Al foar de 8e iuw waard dizze lokaasje brûkt foar hannel, justysje en gearkomsten, eat dat sa bliuwe soe oant de 2e helte fan de 19e iuw. De tsjerke is wijd oan Martinus fan Tours.
De toer datearret út it midden fan de 12e iuw en wie bedoeld as ferdigeningsstruktuer: in "stins", tegearre mei de grêft, dy`t oarspronklik de tsjerke hielendal omsingele. Yn it nasjonale rampjier 1672 waard de 13 meter hege stiennen spits troch wjerljocht fernield. De muorrestien boppe de toeryngong fertelt it ferhaal, en sûnt 1688 siert in houten ferzje fan 6 meter de toer. Oan de noardkant stiet in sfearfolle sakristy, út it midden fan de 13e iuw, no de âldste fan Fryslân. It Hardorff-oargel is út 1869 en yn goede steat.
Yn de tsjerke stiet in unyk houten rôtskerm "show" út 1554 yn Renêssânsestyl. De arsjitekt is Cornelis Floris II de Vriendt út Antwerpen en te werkennen oan de fersieringen, allerhanne duvelmaskers en 18 bibelske bylden. Dit roodskerm is fol mei symbolyk en fertelt in eigen ferhaal.
De oarspronklik katolike tsjerke waard nei 31 maart 1580 Nederduits-Gereformeerd. Yn de 2e helte fan de 19e iuw waard de tsjerke Nederlânsk Herfoarme en sûnt 2000 is it in Protestantske Tsjerke Easterein.
De tsjerke is fan april oant oktober alle freedtemiddei te besjen, boppedat op oanfraach. Simmerdeis is it Kerkpad op sneontemiddei iepen.
Colofon
Boek Easterein