Beukerskoalle

Beukerskoalle
©: Jetske Santema

Beukerskoalle

Op it Vrijburg, dizze skoalle is iepene op 11 juny 1971, it hie de namme "It Bekoar".

Skiednis

Yn 1967 komt de bou fan in nije beukerskoalle op 'e tafel. Goed tritich hantekeningen binne genôch om yn 'e simmer fan 1967 it bouwen fan in nije skoalle oan te freegjen. Dit op grûn fan in twa-klassige skoalle. Dat soks net samar gean soe wie neffens ferwachting, mar it duorret oant 1969 ear’t  alle papieren en hantekeningen foar inoar binne. Op 28 april 1970 wurdt de bou fan in nije beukerskoalle oanbestege. It plak achter de grifformearde Tsjerke liket tige gaadlik. 

De namme

De namme fan de skoalle is ôflaat fan de tegel mei dizze namme op it skoalplein, dêr't de bern harren ôftikje koene mei it spultsje dwaan. In feilich plakje dus. De skoalle wurdt iepene troch boargemaster Alta. Coby Scheltema en Enne Jehannes Bruinsma meie as âldste beukers de kaai oerjaan.

Wat in feest! En wat in beukers, net allinnich út Easterein, mar ek út de omlizzende doarpen. Sels út Hartwert wei freegje âlden oft har bern ek hjir op skoalle meie. Dat moat mar net, want de skoalle is hast fol…. Boppedat, it ferfier fan al dy beukers is al sa’n poepetoer.

Ferfier

Yn de doarpen binne hast gjin riders te finen. De gemeente wol yn it earst gjin kilometerfergoeding jaan. It skoalbestjoer is der suver mei oan. De moat jild op talein wurde en net iens sa’n bytsje. De bydrage fan de âlders moat omheech, ek fan de âlders út Easterein. Soks jout hjir en dêr wolris skeane gesichten.

‘Pake’ van Schepen wurdt ynhierd om de beukers op te heljen en wer fuort te bringen mei syn taksy. Somtiden steane beukers moarns om healwei achten al yn waar en wyn oan de dyk. De âlders protestearje, mar it kin net oars. ‘Net seure’, seit de lettere foarsitter Zijltstra (hy wennet op it úterste ein fan it Skrok), jim bern wurde ophelle, ik moat se sels bringe en helje. 

Frou Joustra makket de nije beukerskoalle skjin, mar fanwegen de kosten moatte de âlders om beurten helpe, it is wolris behelpen. Letter kaam der in fergoeding fan de gemeente en wurdt it gâns better.

Beukerbuske

Yn 1979 gongen der 85 bern nei ‘It Bekoar’ It beukerbuske ried ôf en oan, alle kearen twa , trije ritten. Ferskate sjauffeurs hawwe der op riden; Abe Stegenga, Syb Arema, Jap Hofstra, van der Linden, Syb van der Meulen, Harm Bergsma en oaren. Soms wie it buske stikken, dan stiene de bern earne moarns yn it tsjuster te wachtsjen. Soms wie it sa glêd dat it riden net ferantwurde wie. Dan kamen de beukers sa let op skoalle dat se daliks wer fuort moasten. Ien kear koe de bus hielendal thús bliuwe: mids februwaris 1979 lei der sa’n protte snie, dat der koe gjin auto mear troch. Easterein wie ynsnijd. 

Yn 1978 kaam Gryt Breeuwsma út Alde boarn en efkes letter naam Afke Hiemstra út Easterein it plak oer fan juf Reny. 

Te lyts

Der moast ek wer boud wurde, want de legere skoalle moast it fyfde lokaal hast brûke, mar dêr sieten no beukers yn. 

‘It moat mar in needlokaal wurde’, sei de ynspektrise, ‘aanst sakket it tal bern miskien wer’. En sy wist fansels al, dat der yn de takomst basisskoallen komme soene en dat Easterein de beukers út de bûten doarpen kwytreitsje soe. 

Nei lang sykjen fûn de gemeente in houten needlokaal. It waard achter de beukerskoalle delset. It skoalbestjoer moast it oare jier fl. 5000,- mear ferwaarmingskosten betelje, mar dat kaam ‘omdat de klok net goed stie’. 

Basisskoalle

De ynfiering fan de basisskoalle soarge der foar dat yn 1985 it beukerûnderwiis en de ierdere legers skoalle byinoar kamen. Earst op papier en dêrnei ek yn ien gebou. Dat barde yn 1988.

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Klaas Kooistra, vertaling Nederlands J. Santema © Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s