Grieneleane


Grieneleane
©: Jetske Santema

De Griene Leane is in âlde ferbiningsdyk tusken de Wynsedyk en de kom fan it doarp. Oant 1895 wie it in ûnferhurde dyk. Yn de winter faak ûnbegeanber. De bewenners fregen de tsjerkfâlden om de dyk te bestraten. De tjerkfâden ha de oanfraach honorearre. De lingte fan it paad wie 175 meter en 65 sintimeter breed! Dat wie net genoch omdat der ek karren oer riden. Yn 1907 waard der wer oer klage en it hat noch oant 1915 duorre foardat der klinkers yn kamen, betelle troch de tsjerkfâden. De lêste fernijing hat plakfûn yn 2021, troch de gemeente Súd West Fryslân.

© Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear