Grifformearde Frouljusferiening
Grifformearde Frouljusferiening
De namme fan de feriening wie "Belijden en Beleven". Se is oprjochte yn 1946, en hat 45 jier bestien.
Op 10 oktober 1946 kamer der 10 froulju byinoar yn 'e grifformearde pastorij. Hja kamen op besite by de frou fan dûmny Alberts, frou E.G.N. Alberts- Pauw en rjochten doe in nije grifformearde frouljusferiening op.
It wie de earste kear fan in feriening dy’t dêrnei 45 jier bestien soe. It program fan ‘e jûnen like in soad opinoar. Nei it iepenjen troch de presidinte (frou Albers), waard der songen en Bibellêzen. Hjirnei de oantekens fan de foarige kear en in ynlieding fan ien fan de leden. Dit gyng oer Bibelske, mar ek oer maatskiplike en frije ûnderwerpen. Nei it besprekken kaam de tee. It lêste part fan é jûn waard der hantwurke. Meastal brochten leden it guod dat makke waard nei de minsken yn ‘e gemeente dy’t it tige earm hiene. Letter waard it ferkocht en kaam de opbringst yn’e kas fan de feriening. Der binne ek noch in skoft ‘Persil- ammerkes’sparre; in folle kaart brocht sinten op dy’t ek yn ‘e kas kamen. Ek stie elke jûn in buske op ‘e tafel. De ynhâld waard oan de ein fan it winterskoft skonken oan in goed doel. En siken út eigen rûnte waarden net fergetten. De kombinearre jûnen mei de manneferienings wiene tige gesellich en learsum.
It 25- jierrich bestean is mei in grut feest bet0cht yn ‘e Tsjerne. Hjir wiene ek oare frouljusferienings útnûge. Neitiid is elk lustrum fierd mei in kofjetafel. Der ha op syn meast tritich leden west, mar troch inoar wiene der mar sa’n tweintich. Der kamen stadichoan minder jonge leden by. Sa waard it wat in “âldere’feriening, wêrtroch der yn it lêst hielendal gjin jongere leden mear kamen. Yn it begjin fan de njoggentiger jierren wie it net mear fol te hâlden. Ek foar de ponghâldster waard it in hiele toer om rûn te kommen. Yn it lêst wiene der noch mar sân leden en kamen hja ien kear yn de moanne byinoar, by ien fan de leden oan hús. Yn 1991 is de feriening opholden te bestean. Der wiene noch twa leden dy’t by de oprjochting, 45 jier earder, lid wurden wiene: frouy Antsje Joustra en frou Riemkje Postma.
It lêste bestjoer waard foarme troch de dames:
K. Faber foarsitter, A. Okkkema skriuwster, l. Vellinga ponghâldster en d. Joustra algemien adjunkt.
Colofon
Auteur Klaas Kooistra: Boek Eastererein