Kafee Bergsma


Kafee Bergsma
©: Jetske Santema

Yn 1853 waard de Wommelserdyk as grintpaad oanlein. Dizze nije dyk soarge der foar dat de trijesprong in wichtige ferbining waard. Dêrtroch krige it besteande kafee ek in gruttere funksje as rêstpunt foar reizgers. Mar der ûntstie ek ferlet oan romte foar fergaderingen en oare byienkomsten. Yn 1860 joech de tsjerkfâdij opdracht om in nij logemint te bouwen mei skuorre foar in bedrach fan fl.  9526,87. It kafee is in echt 19e ieuske bouwurk mei ûnder de taap, in boppeseal en yn de efterein de buorkerij. Ek no (2024) is it kafee in monumint op himsels, mei bysûndere eleminten bewarre út de 19e ieu.

© Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear