Bewenners Easterein om 2020 hinne


Bewenners Easterein om 2020 hinne
©: Tekst Berend Santema, Foto Bauke de Boer

Troch de iuwen hinne binne der hiel wat Eastereinders west. Fan hikke en tein oan ymport. Wa't him thúsfielt yn it doarp en der langer bliuwt, is in Eastereinder. Guon famyljes hâlde dat al hiel lang fol, en oaren binne der noch mei dwaande. It is nijsgjirrich om te sjen wa't dat allegear binne en wat hja foar it doarp bestjutten ha.

Yn de finsters levert dat in hiel ferskaat op. Fan individuen, oant famyljes. It boek Easterein levert in protte ynfermaasje op oer it ferline. Mar ek hjoeddedei skriuwe we skiednis as it om Eastereinders giet. Kinne we mekoar noch?

Om 2020 hinne is it projekt " Eastereinders by de foardoar " fan fotografe Willy Sijbesma ta útfiering kaam.
In grut part fan de bewenners fan Easterein binne by de foardoar fan de wenning op foto set, en dêrnei binne se op strjitnamme rubriseare en publisearre yn de Doarpskrante. 
Op in fiiftal nei binne alle strjitten mei bewenners portrettearre. Oanfuljend hat Folkje Visser de bewenners fan it Smidslân en de Koaifinne yn 2024 noch op foto set. Allinne de Stittenserleane, Eeskwerd en Dobbelân ûntbrekke. Mar wa wit is der noch immen dy't dat noch dwaan wol.
Foar no en letter nijsgjirrich om der kennis fan te nimmen. It makket dúdlik dat der altiid beweging is yn kommen en gean, weryn ek it memento mori heart ta it minslik bestean.

© Foto voorblad: Tekst Berend Santema, Foto Bauke de Boer
Lês mear