17. Yn en om Easterein (de pôlehoeke) troch Jan Hiemstra


17. Yn en om Easterein (de pôlehoeke)  troch Jan Hiemstra
©: Jetske Santema

Tusken Grieneleane en Sjaardaleane rint de Skoallestrjitte. Dat wie jierrenlang hiel oars. Earst op 5 maaie 1960 waard dizze strjitte offisjeel iepene troch boargemaster Alta. De strjitte kaam yn it plak fan in sintelpaad troch it lân nei de ‘nije skoalle’ en sa hoegden de bern net mear oer in paad mei oant beide kanten stikeltried as ôfskerming tsjin it fee. De namme fan de strjitte kaam der doe foar it earst, want oant dy tiid hiene wy it oer de Pôle of de Pôlehoeke as wy it rychje huzen bedoelden dat begûn by it hoekhûs oan de Grieneleane (no nr 5) en einige mei no nr 20 en foar de strjitte Vrijburg. Vrijburg wie doe de namme fan acht keamerwenten dy ’t ôfbrutsen binne. No wie de namme Pôle wol wat twaslachtige oantsjutting, want ek Meilahuzen waard de Pôle neamd. Minsken wennen der foar de oarloch lykwols hiel wat op de Pôle yn it doarp en dat docht bliken út de foto dy ’t no folget. 

 

 


                    

1 De bewenners fan de Pôle likernôch 1925

It mei dúdlik wêze: oanwaaks om de skoalle op nivo te hâlden wie der genôch en net allinne yn dit part fan it doarp, mar ek yn al dy oare lytse húskes. En as dy bern kâns seagen op de foto te kommen dan wiene se derby. It binne foaral famkes dy ’t der sa ’t it liket spesjaal foar oanklaaid binne: de kreaze skelk foar, de hoed op de holle en sels de skuon oan en dat wie yn in tiid dat klompen de dracht wiene wol hiel lúks. Fierder steane steane der ek in pear jonges, sa te sjen yn it pak, en memmen dy ’t harren foar de foto optúgd ha. Guon mei de floddermûtse op en beppe hat sels de hoed opsetten, by pake ûntbrekt de pet net.

En no de huzen. De earste twa blokken wiene twa ûnder ien kap en steane der no noch as frijsteande huzen mei de nrs 10 en 12; ek it blokje fan fjouwer diakonijwenten (keamerwenten) dat dan folget bestiet noch en is ferboud ta twa ûnder ien kap mei de de nrs 18 en 20. Wat dan folge wie Vrijburg, it blok fan acht keamerwenten.

Oan dit diel fan no de Skoallestrjitte stiene 16 wenromten, en dêr komt dan it blok dat op de hoeke fan de Grieneleane en de Skoallestrjitte mei fiif ‘wenten’ noch by sadat der op de Pôle 21 selsstannige wenromten wiene! De lytsten sieten yn it blok op ‘e hoeke mei en bestiene út in glopke, in keammerke mei in bedstee en in ljedderke nei boppen mei in souderke der ’t sliept wurde koe. Dan kamen der twa blokken mei fjouwer wenten der ’t wat mear romte yn siet, mar yn it blok fan fjouwer en it blok fan acht siet ek net de measte romte: in gong mei in trep nei de souder der ’t sliept wurde koe, in in keamer mei twa bedsteden en dêr moasten de minsken it mar mei dwaan. 

     

2 Vrijburg mei it paadsje, it houten húske (wc) en de lantearnepeal der nêst yn de fyftiger jierren. De blinen hingje noch nêst de ruten.

Vrijburg waard yn 1882 setten troch de tsjerkfâden op in stik grûn dat kocht wie fan de diakens. De diakens wiene yn dy tiid de earmmasters fan it doarp en hiene jild nedich om harren taak út te oefenjen. Earme minsken wiene der by de rûs, mar earmesoarch wie noch gjin taak fan de oerheid. Ek de tsjerkfâden bekroaden har om earme minsken. Foar it skipkefolk dat yn de opfeart yn gammele boatsje wenne waarden tal fan keamerwenten setten sa as op Vrijburg, Elba en ‘t Heechhiem. Der is gjin inkele orizjinele keamerwente út dy tiid bewarre bleaun, mar oan tal fan bûtenkanten is noch te sjen wer ’t se stiene. Dit jildt net foar Vrijburg want dat waard yn 1968 sloopt. De huzen oan de strjitte Vrijburg kinne je as ferfanging sjen.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen