13. Yn en om Easterein (doarpsfeest) troch Jan Hiemstra


13. Yn en om Easterein (doarpsfeest)  troch Jan Hiemstra
©: Jan Hiemstra

Feest is der jierrenlang yn Easterein fiert. ‘Oarspronklik’ waard it keninginne feest fiert op de jierdei fan keninginne Wilhelmina (31 augustus). Dat wie in gaadlike tiid, want de grutste drokte op it lân wie foarby en it waar meastal oangenaam. Juliana dy ’t dêrnei  keninginne waard, hie op 30 april har jierdei en dan is is faaks noch wat skrousk (kâld waar) om feest te fieren. It keninginnefeest waard earst oranjefeest en letter doarpsfeest en ferpleatst nei de simmer. De feesten fûnen meastal plak op it kampke lân tusken de pastorij en de Sibadawei oan wat no de Stittenserleane is en doe in reed nei de pleats fan no Jaap Hoekstra wie. Doe 't der huzen oan de Sibadawei kamen waard it in smûk stikje greide mar wol oan de krappe kant. Yn 1947 brocht  it sportterrein de oplossing en rillegau dêrnei waard it ek feestterrein. It Eastereiner feest wie foaral gjin ‘merke’. Dêr moasten de measte Eastereiners neat fan witte: in draaimûne en in sweef op it fjild? Dêr siet de duvel yn. En ek fan dy oare omballingen fan in merke moasten de minsken dy ’t it te sizzen hiene neat ha.

 

                    

1 1945 De oarloch is foarby 'Wolkom frede yn de wrâld.

Ien fan de hichtepunten fan it doarpsfeest wie de optocht troch it doarp mei it korps foarop. Tiden fan te foaren waarden der plannen makke en as it sa fier wie waarden de (hea) weinen optúgd en fersierd, fytskarkes krigen in feestlik gesicht, heale hoepels waarden bôgen dy ‘t beklaaid waarden mei dinnegrien en papieren roazen, fersierde fytsen en ferklaaide misken foarmen in ûnderdiel fan de optocht.

Doe ‘t de oarloch foarby wie moast der feest fierd wurde. De minsken hiene nei frede longere (= verlangd) en dat litte guon ek blike yn de optocht. It plak der ’t foto 1 nommen is sil jimme bekend wêze: it plein by it kafee mei de âld smidterij op de eftergrûn. Op de wein sitte mei it gesicht nei foaren as fredesdowen fan l/r Sjouk Bergsma – Meier, Anna Sjaarda – Kuipers, Kee Vellinga – Schukken. De fuorman is Minne Sjaarda dy ’t de leie yn de hannen hat. 

 

Hynder en wein wiene foar it doarpsfeest fan it grutste belang. Dat docht ek bliken út de folgjende foto der ’t de dwergen op in haaiwein sitte. De sydberjes (=zijschotten) binne fersierd mei wyt krêpepapier en dinnegrien. 

 

  

2 'Sneeuwwitje' en de sân dwergen; op de foto mei de feestpet op en de sigaret yn de mûle as teken fan de tiid, stiet Jappie Reitsma, weinmakker oan de Wommelserdyk.

Dinnegrien en papieren roazen dy ’t ek fan krêpepapier teard (= gevouwen) waarden foarmen in belangryk diel foar it opfleurjen fan de weinen.  Ek op foto 1 binne it dinnegrien en de papieren roazen sichtber. Kamen je yn de nei-oarlochske jierren it doarp yn dan passearre je tagongspoarten, makke fan juffers en ek beklaaid mei dinnegrien en ….. papieren roazen. Dan wie dúdlik te sjen dat der feest yn it doarp wie. It ‘Wolkom yn Easterein’ dat nei de emansipaasje fan it Frysk it ‘Welkom in Oosterend’ ferfongen hie, nûge de passanten út om efkes troch it doarp te gean en de optocht te besjen.

De ûnderwerpen fan de optocht slueten faaks oan by de aktualiteit. Dat ha wy op foto 1 sjoen mar docht ek bliken út de foto dy ’t no folget.


3 Gjin hynder foar de wein, mar in trekker. It jonkje links is tink ik Fokke ten Dam, it jonkje rjocht Jan Medemblik mei dêrneist … Jagersma, yn it korpsunifoarm.
Dizze foto út 1963 snijt in dan tige tear ûnderwerp oan. Nij Guinea is yn 1962 ûnder druk fan de grutmachten oan Indonesië ferkwânsele. De Papoea ’s waarden oan harren lot oerlitten en smid Jaap Bosgra as Soekarno en slachter Durk ten Dam, yn it ambtskostúm fan in foaroarlochske premier as fertsjintwurdiger fan Nederlân represintearje de oerdracht op in feestwein.

 

It feest fan 1963 wie bysûnder, want der wie foar it earst sûnt ein 19e iuw wer in draaimûne anneks sweef yn Easterein. Ein 19e iuw doe ’t de tsjerkestriid op syn fûlst wie hiene de ortodoks herfoarmen yn ‘e mande mei de grifformearden it foarinoar krigen dat der yn Easterein ‘nea’ wer sa ’n wurktúch fan de duvel komme soe. En yn 1963 stie de fertsjintwurdiger fan de duvel der wer: op de kopse kant fan it sportfjild mei de toer weitsjend (=wakend) op de eftergrûn mar ek mei de segen fan dominy Wolthuizen, de gereformearde dominy fan doe, dy ’t gjin inkeld beswier tsjin de draaimûne hie en syn gemeenteleden ek sa fier krige. It jonkje midden op de foto is Siep Sandstra, dy ’t letter it transportbedriuw fan syn heit oernommen hat. Ik soe net witte wa ’t de oare bern binne.  


© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s