10. Yn en om Easterein (de ‘nije’ skoalle) troch Jan Hiemstra


10. Yn en om Easterein (de ‘nije’ skoalle)  troch Jan Hiemstra
©: Jan Hiemstra

Foar it grutste part fan de hjoeddeiske Eastereiners sil it net te begripen wêze dat ik it oer de ‘nije’ skoalle ha en dan de skoalle oan Skoallestrjitte 19 bedoel. Nei al dy kearen dat ik it oer de skoallen om It Skilplein hinne hie, sil dit dúdlik wurde.                 

In kultuerskok
Foar de oarloch wie der al oer praat dat it grutte gebou út 1892 oan It Skilplein nedich ferfongen wurde moast. It gebou wie net tenein, mar net mear by de tiid. Fiersten te hege lokalen, ruten op it noarden en net waarm te stoken. It moderne ûnderwiis frege in modern gebou mei ljocht en sinneskyn. Dit gebou kaam der, mar op in plak der ’t elkenien fan griisde. Oan de grins fan it doarp, oan it binnenpaad nei Reahûs. Op dit plak koene je allinne mar oer Sjaerdaleane of Andries Joustrastrjitte komme. Mei de skoalle op dit plak waard de siel út it doarp helle. Sûnt der yn Easterein sprake fan in ‘skoalle’ west hie, stie dy yn it sintrum fan it doarp, deun by de tsjerke. Mar nei 1 jannewaris 1954 waard alles oars. De bern fan de ‘grutte skoalle’ teagen net mear nei It Skilplein, dat diene allinne de beukers noch mar. It waard fan de iene op de oare dei in deade boel yn it hert fan it doarp. Hjir stiene de measte winkels en wennen de measte Eastereiners. Master Kornelis koe net mear justjes foar healwei njoggenen it paadsje tusken skoalhûs en skoalle oerstekke en tagelyk de bern roppe om yn skoalle om ’t it healwei njoggenen wie. Master moast sels in fyts oantuge om de nije skoalle te berikken!
 
De ferhuzing
Foar al dy goed hûndert bern út de klassen 1 o/m 6(7) – hjoed-de-dei groepen 3 o/m 8 - waard it in nije gewaarwurding. Fan de iene (foar) op de oare dei (nei) de krystfakânsje wie it âlde fertroude foarby. As bern wisten je dat je nei de nije skoalle gean soene, je hiene it gebou yn oanbou sjoen, mar it wie noch neat fan josels. Ik siet sels yn de fiifde klasse doe ’t wy oergongen. Yn dy tiid ha ik op it liende fytskarke fan boer Hendrik Kuiper, der ’t de molke op nei it fabryk brocht waard, mei Jentje de Jong hiel wat kearen tusken ‘âld’ en ‘nij’ op en del rûn om allegearre guod dat yn it âlde gebou efterbleaun wie op te heljen. Wat net mear brûkt wurde koe moasten wy fuortdwaan. Master Kornelis hie ús foar in part ‘frijsteld’ fan lessen foar dit putsje (=karweitje). Der is hiel wat nei it nije gebou tagongen sa as de prachtige skoalplaten (as ûnderwizer ha ik letter gjin skoalle meimakke mei sa ’n grutte kolleksje) en de bibletheekboeken, dy ’t sneontemoarns nei it skoft útliend waarden om se thús te lêzen. Der is ek in soad fuortsmiten der ’t ik no fan tink ‘wat spitich’. De solder fan 'e skoalle lei fol mei ôftanke lesmetoaden en platen. Sa sjit yn myn geheugen dat der in searje lei oer alle mooglike ambachten en ‘ús’ Indië.

 It gebou

Wy fûnen it gebou mar in hinnehok. De lokalen hiene grutte ruten en as de sinne der op skynde wie it al gau te waarm. It dak rûn skean nei ûnderen en dêr seagen je dan ek tsjin oan. Der wiene trije lokalen en dy wiene fan binnen troch mei inoar ferbûn. Dit sil grif in wetlik foarskrift west ha, mar as bern en letter as ûnderwizer ha ik soks altyd hinderlik fûn. Oan de ein fan de trije lokalen wie in lyts keammerke, foar bestjoer en skoalle dokter, in opslachromte foar skoalspullen en ien foar fan alles en noch wat. Yn de gong hiene je noch klomperekken, want op klompen nei skoalle wie normaal, en dy moast yn de klasse út. Yn de lokale stie in moderne rûne oaljekachel, sadat de kachel oansetter moarns net mear nedich wie. Net alle feroaringen blieken ferbetteringen te wêzen en dat jilde ek foar de oaljestook. As de kachel brânde moasten de ruten iepen, want der kamen lagen kondins op it glês. En as bern sieten mei reade hollen en pine yn’e holle yn de klasse, want de soerstof út de lucht waard troch de kachel ferbrûkt. Hoe lang as dy oaljestook der west hat wit ik net, mat doe ’t ik yn 1961 yn dyselde lokalen as ‘kwekeling’ kaam, stiene der wer ‘âlderwetske’ kachels op swarte branje.

      

1961 De Skoalle mei de Bibel sa as dy der by de iepening ek út seach.

Libbensdoer gebou

Dat dy ‘nije’ skoalle der no noch stiet, hie gjin minske yn 1954 foarsizze kinnen. Dy kryt geve âld skoalle dy ’t nei 61 jier bûten gebrûk steld waard wie yn de eagen fan de minsken doe hiel wat gever as dat nije ding dat no al 67 jier yn gebrûk is. Mar ek yn en oan dizze ‘nije’ skoalle is yn de rin fan de jierren hiel wat feroare sa ’t út de foto ’s bliken docht. Ek mei de oantallen learlingen is hiel wat bard: yn 1954 sieten der mear as 100 learlingen yn de klassen 1 o/m 6 (groep 3 o/m 8), wylst de ‘openbaren’ yn Itens op skoalle gongen. Spitigernôch binne dat der no yn acht groepen hiel wat minder. 

  


1965 It nije skoalhûs nêst de skoalle.

      

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen