Wynserdyk53
De buorkerij Wyns. De pleats Wyns draacht deselde namme as de terp dêr 't er yn 1780 op boud is. It hjoeddeistige adres is Wynserdyk 53. Ek de Wynserdyk is neamd nei de terp Wyns. De famylje Heeg is de earste eigener fan de buorkerij. Dy famylje hat yn dy tiid meardere pleatsen yn besit, dy 't troch fererving yn de famylje bliuwe. Dêr heart ek Wynserdyk 26 by en ek op Skrok 6 wennet in famylje Heeg. It is in famylje fan oansjen en ek bestjoerlik hat sy har ynfloed jilde litten. Nei 4 generaasjes Heeg is de pleats Wyns yn 1969 oernaam troch de famylje U. Bouma. Hjirûnder de bewenners yn kaart brocht.
De earste bewenners binne:
1. Jan (Jansen) Heeg (* 16 dek. 1760 ), troud op 19 okt. 1784 mei Trijntje (Johannes) Bootsma. Dizze Jan Heeg is lyts fan stik en hy draacht hast altyd in hege hoed. Dêrfandinne syn bynamme Jan Heechhoed. Hy is yn dy tiid in hiele goede keatser. Der binne noch sulveren keatsballen yn de famylje bewarre bleaun. It pear krijt 11 bern wêrfan 't de 8e soan op de pleats Wyns boer wurdt. De 7e soan wurdt boer op de pleats Wynserdyk 26.
2. Ymte (Jansen) Heeg (* 5 dek. 1799) troud op 20 nov 1841 mei Jeltje (Gerbens) Wiersma Harren soan Jan Ymtes trout mei Mensonia (Hotzes) Koster. Sy buorkje yn Hidaard, Kûbaard en Wommels. Harren soan Ymte Jan Heeg wurdt wer boer op de pleats Wyns
3. Ymte (Jans) Heeg (* 30 sein .1868) troud op 11 maaie 1895 mei Hiltsje (Sybrens) Kingma (* 20 jan. 1871). Ymte Heeg is mei-oprjochter fan it molkfabryk yn Wommels yn 1894. Harren soan Jan Ymtes Heeg, is de opfolger op de pleats Wyns.
4. Jan (Ymtes) Heeg (* 11 maaie 1897) troud op 11 maaie 1922 mei Ymkje Rienks. Jan Ymtes Heeg is in grut keatstalint. Foar Easterein skriuwt hy de oerwinning fan de Freule op it boerd, en ek de PC. It pear krijt 2 bern dy 't beiden gjin ambysje hawwe om it bedriuw troch te setten. En dêrmei komt der in ein oan it buorkjen fan de famylje Heeg op de buorkerij Wyns.
5 Uiltje Aizes Bouma (* 7 juny 1945) troud mei Pietje de Vries (* 17 nov 1947) Yn 1969 wurdt de pleats Wyns oernaam. Soan Symen folget harren op.
6. Symen Bouma troud mei Grietsje Jukema. Yn 2005 komme sy op de pleats te wenjen.
Colofon
Boek Easterein en familie