Tsjerne De


Tsjerne De
©: van der Eems

Jeugdsoos de Tsjerne

Yn 1891 is it hûs, Zonnehoek boud. It wie in rintenierswenning fan Yde Durks Sjaarda. (1931 - 1901) Hy woe ek noch wat buorkje. Dêrom is der in losse skuorre boud foar in tal bisten. Dat is letter brûkt as feestalling troch Johan Schaafsma (1899 -1973)

En nei him syn soan Luitzen Schaafsma (1925 -1997) De boereskuorre fan Luitzen Schaafsma (1925 - 1987) waard yn 1967 yn in pear moanne tiid omtsjoend ta in jongerein sintrum.

It geboutsje waard troch de 'Tsjerne kommisje' hierd fan de Herfoarme diakony, dy't de skuorre oankocht hie. Troch de jongerein waard in ferkeap aksje fan rinteleaze oandielen hâlden, dy't    fl. 3500 opbrocht. It opmerklike is, dat frijwol de hiele jongerein fan doe meiwurke hat oan de tastân komming. Ear't de jongerein de betonflier stoart koe, moast it hea út de golle weihelle wurde. Superfisy by de bou hie de boukundige en architekt H. W. List út Snits.

Yn it kranteferslach fan de iepening sprekt der fan dat 'men op het ogenblik nog met schulden kampt, maar die zijn er om opgeheven te worden'.

It sintrum moast in gaadlik plak wurde om de jongerein te begelieden- ek yn de geastlike wearden. 

Lykwols woene de lieders it sintrum net in spesifyk tsjerklik rjochte útgongspunt jaan. Men wie optimistysk oer de takomst: "Voor de jeugd uit Oosterend en omgeving komt er een prachtig centrum bij. En het staat wel vast dat iets wat de jongelui zelf hebben gebouwd ook goed beheerd zal worden.

It is bysûndere dat no de bern fan de jongeren dy’t de Tsjerne yn 1967 ferboud ha it behear fersoargje en dat anno 2022 de pake en beppesizzers der in eigen plakje fine om hinne te gean. De Tsjerne, in grut sukses!

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Boek Easterein, bewurke troch Jetske Santema © Foto voorblad: van der Eems
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s