Trijehuzen 3

Trijehuzen 3
©: Jetske Santema

De pleats Rispens is boud yn 1766. Yn 1850 hat in ferbouwing plak fûn. Yn 1766 is it in grutte pleats mei in stalling fan twa rigen kij. De namme fan de pleats komt fan de famylje Rispens dy 't hjir jierren lang op buorke hat. Se wiene net fan adel, mar hiene der wol bannen mei. De famylje hie ek meardere grêven yn de Eastereinder tsjerke. De namme Rispens komt yn de tsjerkeboeken foar fan 1539 ôf. Net bekend is wannear 't de famylje Rispens op de pleats wenjen kaam is, of dizze ferhierden.

De pleats is yn 1832 yn besit fan Ate Sjoerd Ypma. Hy wie ien fan de tsjerkfâden dy 't ek mei opdrachtjouwer wie foar de bou fan de pastorij. Yn de aktes komme de folgjende nammen foar fan dejingen dy 't nei alle gedachten op de pleats buorke hawwe.

1. Acke Wybes Adema (* Easterein) troud op 21-5-1713 mei Folkert Reijnerts Rispens (* Britswert) Se binne yn Britswert troud wat spesjaal op de akte oanjûn stiet. Dat is wol bysûnder, omdat it yn dy tiid gebrûklik wie dat men troude yn it wenplak fan de frou. In gebrûk dêr 't noch lang oan fêstholden is. Yn 1715 wurdt de earste dochter Bjefke berne. Spitigernôch hat se mar koart libbe. Letter binne der noch mear bern berne. Fierder kin men " Acke " noch yn in pear oare Katolike doopaktes fine. Hja wie in oantal kearen meter. De lêste fermelding is fan 1720.

Acke waard lidmaat fan de Herformde tsjerke yn 1713. Dat koe blykber neist elkoar bestean. Yn 1759 wurdt de erfenis ferdield fan Folkert Reijnerts Rispens ûnder de bern fan syn dochter Reynuke Rispens. Sy hat har heit syn namme hâlden. Dat seit wat oer de wichtichheid fan it geslacht. Nei alle gedachten hat der noch in soan fan harren op de pleats buorke, dat is net te finen. Wol is yn de tsjerkargiven de namme fan Folkert Reinder Rispens te finen yn 1811 -1813. It sil in pakesizzer wêze.

2. Ate Sjoerds Ypma (* 1797) troud yn 1816 mei Dirkjen Sybrens Sybersma (* 1797) Ate krige 3 bern. Spitigernôch stoar syn frou yn 1826. Hy troude yn 1830 opnij mei Beitske Dirks Dijkstra (* 1809 ). Fan 1820 ôf komt Ate Sjoerds foar yn 'e aktes. Hy keapet op 28 -12 1820 grûn op Hidaard foar fl. 2700. Hy wie noch mar 23 jier. Dúdlik is dat er út in rike famylje komt.

3. Rispens is ferkocht om 1880 hinne oan G. P. de Boer. Hierder is dan IJme Tiedes Vellinga troud mei Vokeltje de Boer. De pleats wurdt in pear kear ferkocht.

4. Eigener is Tjitse Bouma (* 1876) troud mei Sipkjen Elizabeth Sjaarda (* 1880) Hierder is yn 1908 Sietse Zwanenburg.

5. Aise Johannes Bouma (* 1906) ôfkomstich fan Akkrum troud op 4 -1933 mei Maike Bouma, ôfkomstich fan Skearnegoutum. Hja binne yn 1934 op Rispens kommen te wenjen.

6. Jelle Tjitse Bouma (* 1940) troud yn 1966 mei Anna Gerbrandy (* 1942)

7. Aise Bouma (*) troud mei Nynke.....

De pleats is yntusken sa âld en ûndoelmjittich dat opknappen net mear oan de oarder is. Yn 2018 wurdt, oan de oare kant fan de nije lisboksstâl, in nije wenning boud.

Colofon

Boek Easterein

Boek Houtstromen Door Paul Borghaerts

Archieven "alle Friezen"

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s