Skippersbuorren 19
De foargonger fan de pleats Skippersbuirren 19 wurdt yn 1543 ûnder de namme Fikarisgoed beskreaun. De pleats stiet op it plak dat no as adres It Heechhiem 2 hat.
Op Fikarisgoed wennet de helppastoar. Yn 1751 wurdt der in nije stjelppleats delset.
De foarkant stie nei it doarp ta. De dongbult stie op it plak dêr 't no de houten hokken steane.
De pleats bliuwt in hiel skoft stean. Fan de ein fan de 18e iuw ôf hawwe meardere generaasjes fan de famylje van der Meilen hjir.
Yn 1872 wurdt der in nije pleats boud. Dizze pleats komt op it plak Skippersbuorren 19.
De " âlde pleats " wurdt ferboud en biedt in tal jierren húsfesting oan meardere gesinnen.
Yn 1886 wurdt it gebou ôfbrutsen en de tsjerkfâdij soarget foar in nij gebou mei 8 keamers.
Yn 1872 wurdt dus in steatlike kop-hals-romp op de Skippersbuorren 19 boud mei nij materiaal sa stiet fermeld. It ferfier fan de molke en it foer giet oer it wetter.
1. 1863 Pylger Foppes Smeding (* 1833 yn Wurdum) troud yn 1860 mei Itske Dirks Heeg (* 1833 yn Easterein). Se krije in tal dochters, dêr 't mar ien folwoeksen fan wurden is.
Dit gesin ferhuze fan it Heechhiem nei de Skipperbuorren.
Se wenje as earste it nije bedriuw.
2. Jouw de Boer (* 1856 yn Skearnegoutum) troud yn 1881 mei Jeltje Cnossen (* 1885 yn De Hommerts) Se krije yn 1887 in soan, Lieuwe. Dy folget syn heit net op. Yn 1903 slacht de bliksum yn en is der in soad skea yn de pleats.
3. 1922 Sipke Hiemstra (* 1890 yn Abbegea) troud yn 1921 mei Aafke van der Valk (* 1893 te Easterein). De soannen Sijmen en Rinke komme beide yn it bedriuw. Sipke buorket earst noch mei syn broer Rinke. Dy ferhuzet letter mei syn húshâlding nei Kolderwâlde.
4 Sijmen Hiemstra (* 1922) troud mei Catharina de Boer (* 1927).
Sijmen Hiemstra stapt oer op de biologyske bedriuwsfiering.
Ek soan Sipke dy't letter it bedriuw oernimt, giet mei de biologyske produksjewize troch.
5. Sipke Simon Hiemstra (* 1966 te Easterein ) en Aline Evenhuis
De pleats rekket stadichoan yn ferfal. Sipke lit yn 2010 in nije wenning bouwe.
It bedriuwsgebou bliuwt yn gebrûk foar de biologyske feehâlderij.
Foar it bioferskaat en de greidefûgels is it lân dat er yn gebrûk hat in eldorado.
Colofon
Boek Easterein, Alle Friezen.nl, Boerderijboek Hennaarderadeel