Sjaardaleane 19
Siaarda (Sjaarda) De pleats hat fan âlds de namme Sjaarda. Yn it boek fan Douwe van der Meer stiet de pleats al beskreaun yn 1511. De namme fan de hierder is Syurdt.
Letter wurdt de namme faker wat feroare. Fan Syaerda stadich nei Siaarda.
Yn de rin fan de jierren wurdt de pleats ek troch oare eigeners ferhierd of bewenne.
De namme Meylema komt ek foar. De namme fan de pleats Sjaarda bliuwt bestean.
Dan dûkt yn 1638 de namme Gatse Pieters op yn de stimkohieren. Hy wurdt neamd as eigener brûker.
Hy wurdt troch syn soan opfolge Dirk Jans Siaarda. Dêrnei troch Iede Dirks Sjaarda.
It befêstiget dat Gatse Pieters de namme fan de pleats as efternamme keazen hat.
Ut it lidmateregister fan de tsjerke, dat begjint op 1 maart 1638 komt de namme fan Gatse Pieters ek foar, mar dan is it noch gjin Siaarda. Dat de eigener ek brûker is, is yn dy tiid net gongber.
"In de stemkohieren staat dat in 1700 mederechter Jan Dirks Sjaarda 1/3 deel koopt van de door hem bewoonde sate ' tot Wynstra ' fan Hylckjen Dirks Siaarda, troud mei Theunis Geerts Westerhooven sjirurgijn te Harns. "
1. Gatse Pieters fan Snits troud yn 1628 mei Antke Pitersdr út Easterein.
2. Dirk Gatses fan Easterein troud yn 1643 mei Buuke Hoytes fan Hartwert.
Hja hawwe grif ek op 'e pleats wenne. Dirk Gatses hat him as earste Siaarda neamd.
Hy is yn 1682 lidmaat wurden en ferstoarn yn 1686. Se krije 6 bern, de âldste soan Jan Dirks komt op de pleats te wenjen. Hy is ek meirjochter en keapet letter fan syn suster Hylckjen grûn.
3. Jan Dirks Siaarda, (* 1651) troud yn 1702 mei Barber Tiepckes.
Jan Dirks is ek mei-rjochter. En ek as lidmaat stiet er meardere kearen beskreaun.
Hy wegeret om oan it nachtmiel mei te dwaan. Hy hat spul oer ' set en dammen ' mei Freerck Jansen. Der binne gjin bern te finen fan dit pear. Yn 1719 trout Jan Dirks opnij mei IJtje Ates Spanjes. Hy is dan al 68 jier. Dochs krijt er noch twa bern, Dirk Jansz. yn 1720 en Boukjen Jansz. yn 1723. Sels ferklamme er yn 1730.
4. Dirk Jansz Sjaarda (* 1720 te Easterein) troud yn 1757 mei Geertje Klazes van Burgwerd. Se krije twa bern. Jan wurdt yn 1758 berne en Iede yn 1761.
5. Iede Dirks Sjaarda (1761 te Easterein) troud yn 178 mei Rigtje Eeltjes Kooistra (* 1768 yn Edens.) Se krije fjouwer bern. Jehannes, Eeltsje, Geartsje en Durk.
6. Dirk Iedes Sjaarda (* 1798 te Easterein) troud yn 1831 mei Sepkjen Reins Leen (* 1795 yn Baard) Se trouwe yn jannewaris en yn febrewaris wurdt harren soan Yede berne.
Dat sil wol reuring jûn ha. Yn de aktes steane gjin oare bern dus nei alle gedachten is Yede it iennige bern bleaun. Sepjen wurdt mar 45 jier, Dirk Iedes wurdt 82 jier en stjert as rintenier.
7. Iede Dirks Sjaarda (* 1831 te Easterein) troud yn 1855 mei Trijntje Minnes Koopmans (* 1836 te Easterein ). Se krije seis bern, dêr 't twa net fan folwoeksen wurde. Se hawwe twa soannen Dirk berne yn 1858 en Minne yn 1864. Harren lêste bern wurdt yn 1882 berne, harren âldste soan wie doe al 24 jier. Soan Dirk sil wenje op Sjaardaleane 17, dat wie doe in minder grutte pleats.
Syn dramatyske libbensrin is te lêzen yn it finster fan Sjaardaleane 17.
8. Minne Iedes Sjaarda (* 1864 te Easterein) troud yn 1888 mei Jiskjen Eringa (* 1866 te Hidaard) Se krije fjouwer bern Yede * 1889, Grietje * 1891, Trijntje *1894, en Anna * 1899.
Trijntje trout mei Rients Emke Rienstra (feehanneler) út Warkum.
Spitigernôch stjert Trijntje yn it kreambêd by de berte fan soan Johannes.
9. 1916: Yede Minnes Sjaarda (* 1889 te Easterein) troud yn 1916 mei Lysbeth Tiedes Vellinga (* 1890) Se krije trije bern, harren soan Minne nimt it bedriuw oer yn 1946.
10. 1946: Minne Yedes Sjaarda (* 1919 te Easterein) troud yn 1942 mei Antje (Anna) Kuipers (* 1919 te Britswert) It sluten fan it houlik joech reuring.
Minne wie herfoarme en Anna wie grifformeard. Meastentiids folge dan de man de frou yn de kar fan it leauwen. Mar Anna waard herfoarme. Dat wie foar har famylje dreech te akseptearjen.
De âlden fan Minne wiene ek net bliid mei it houlik, Anna wie fan ienfâldige komôf en wurke as tsjinstfaam en dat wie net itselde as in boeredochter. Se waard dôge.
Doe 't letter de Samen op Weg Kerk foarm krige en doarpsgenoaten dêr muoite mei hiene, wie dit in drege tiid foar Minne en Anna. Hja wiene ommers al jierren troud yn in mingd houlik. Wêrom dêr sa min oer dwaan!
Se krije gjin bern en buorkje op Sjaardaleane 19 oant 1975.
Dan ferhúzje Minne en Anna nei de Skippersbuorren, en sette harren te wenjen op de boerehûzinge fan Hendrik Kuiper.
Hendrik Kuiper en syn húshâlding ferhúzje nei de Sjaardaleane 19 en sette dêr harren bedriuw troch.
11. 1975: Hendrik Kuiper (* 1929) troud mei Minke Huitema (* 1932) yn Easthim ).
Se krije 7 bern. De âldste soan, Hindrik, nimt it bedriuw oer.
12. 1995: Hindrik Kuiper (* 1958) troud mei Taekje Herrema.
Se krije 3 bern. Hindrik, Josien en Meile. Hendrik en Meile binne de bedriuwsopfolgers.