Sjaardaleane 17


Sjaardaleane 17
©: F.K. Reitsma

De pleats dy 't der no stiet is boud yn 1903. Hjirfoar stie der in pleats wêrfan it boujier net bekend is. Wol is in part fan de skiednis fan de bewenners te efterheljen fan 1810 ôf.
De earste desennia giet it goed mei de boerefamyljes.

Needlot slacht ta
Mar as der yn 1880 in nije jonge boer op it bedriuw komt, slacht it needlot ta.
En dit bart trije kear achterinoar. We witte dat yn dy tiid minsken wol faker op jonge leeftiid kamen te ferstjerren, mar dit is dochs útsûnderlik. Trije jonge pearen wurde swier troffen.


1. Ruurd Sytses de Graaf troud om 1810 hinne mei Antje Ulbes van Dijk.
Beide hawwe noch gjin efternamme. Dy krije se by de nammeoannimming. Dat jildt ek foar it yn 1811 berne earste bern. De nammen binne dus letter taheakke.
It pear krijt sân bern, wêrfan 't der mar twa folwoeksen wurde. Yn 1827 stjert Ruurd Sytse, de bern binne noch minderjierrich.
Ulbe is dan 12 jier en Sytske is 7 jier. De erfenis bliuwt ûnferdield. Antje buorket troch oant Ulbe âld genôch is om de pleats oer te nimmen.                                                                     

2. Ulbe Ruurds de Graaf (* 1815) troud yn 1837 mei Aafke Bontjes van der Valk (* 1820) Se krije 4 bern, wêrfan 't de âldste dochter Alofje fan 19 jier stjert yn it kreambêd. Se is troud mei Jan Tiede Vellinga (keapman) Harren soan krijt de namme Tiede.
Fierder krije se Ruurd (* 1841 ), Antje (* 1844 ), en Bontje (* 1858 ).
It tryste is dat Bontje berne wurdt yn it jier dat har âldste suster stjert.
Yn 1873 stjert Ulbe Ruurds. Syn frou buorket noch efkes troch.
Mar der is gjin opfolging yn de famylje.

3. 1880: Wisse van der Meulen (* 1859 yn Balk) troud yn 1880 mei Antje Sipkes Dijkstra (* 1863 te Tersoal) Op it momint dat harren soan Wouter berne wurdt yn 1881, is syn heit op 22 jierrige leeftiid ferstoarn.
De widdo Antje, 18 jier âld set noch yn itselde jier 1881 ôf nei Tsjummearum.
Yn de aktes stiet dat se boelguod hâlden hat op 2 novimber 1881.

4. 1881: Dirk Iedes Sjaarda (* 1858 te Easterein) troud yn 1881 mei Liesbert Reitsma (* 1858 te Folsgeare ). Se krije seis bern, wêrfan in stil berne bern.
Trijntje (* 1882 ), Rinskje (* 1885 ), Yke (* 1886 ), Sipkjen (* 1888 ), Iede (* 1889 ).
Dan slacht ek it needlot ta foar dizze húshâlding.
Dirk Iedes stjert yn 1890, pas 32 jier âld. En fjouwer jier letter yn 1894 stjert ek Liesbeth.
Se litte 5 bern achter dy 't by famylje en freonen ûnderbrocht wurde.
Iede Durks Sjaarda wurdt nei it ferstjerren fan syn âlden ûnderbrocht by Wiebren Santema en Wypkje Riegstra. Sy binne boer op 'e pleats oan 'e ein fan 'e Streek.
Wiebren en Wypkje krigen nei de komst fan Iede ek sels noch in soan; Johannes (* 1896 ).
Iede en Jehannes binne as bruorren opgroeid.
 

5. 1894: Pieter Sipkes de Jager (* 1861) troud mei Riemke Sjirks Koopmans (* 1872) Wer slacht it needlot ta. Riemke stjert yn 1896 noch mar 24 jier âld. En Piter yn 1898 noch mar 37 jier âld. 

6. 1898: Tjitze van der Velde (* 1873 te Drylts) troud yn 1896 mei Yfke Boschma (* 1871 te Ysbrechtum) Se krije fjouwer bern, Hiltsje (* 1898 ), Watte (* 1902 ), Sytse (* 1900) en Johanna (* 1905 ), ferhúzje yn 1903 nei Eksmoarre.


7. 1903: Tjitse Bouma (* 1887 te Skearnegoutum) troud yn 1901 mei Sepkje Elisabeth Sjaarda (* 1880 te Easterein ).
Sy is de jongste suster fan de jong ferstoarne Dirk Iedes Sjaarda.
Sepkje is in neikommerke, se is berne doe 't Dirk Iede 22 jier wie.
Se krije in dochter Trijntje (* 1904) Se bliuwe hjir buorkjen oant 1918 en ferhúzje dan nei de Wynserdyk 49; huze Zonnehoek.

8. 1918: Iede Durks Sjaarda (* 1889 te Easterein) troud yn 1912 mei Jantsje Pieters Vellinga. Yn de aktes stiet beskreaun dat der in boelskieding west hat tusken Iede en Hessel Bouma yn 1921. Iede en Jantje krije trije bern, Betje, Liesbeth en Dirk (* 1922) { _ 65675 left 200px_ } 

9. 1946: Dirk Iedes Sjaarda (* 1922) troud mei Dirkje van Wieren (* 1924) Se krije fiif bern Yde, Siemy, Janny, Akke en Hylke, Soan Yde is de opfolger.


10. Yde Dirk Sjaarda (* 1947 te Easterein) troud mei Annie Bleeker.
Sy krije fjouwer bern, Helga, Karin, Wilma en Dirk - Yde.
It melkfeehâlderijbedriuw wurdt beëinige, Yde en Annie ferhúzje nei it doarp, en soan Dirk Yde komt op de pleats te wenjen.

11. Dirk-Yde Sjaarda

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: F.K. Reitsma
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s