Koaifinne


Koaifinne
©: Bauke de Boer

De Koaifinne hat 11 adressen. Der steane 7 frijsteande wenningen en twa dûbele wenningen. It binne allegearre keapwenten. Sboud yn de perioade om 1977 - 1980 hinne. By de foto's stiet neamd wa't wenne hawwe en no wûnen. De Koaifinne foarmet mei it Smidslân in buert. 

De namme Koaifinne komt fan it perseel lân by de pleats fan C. Agricola. Yntusken is dizze pleats oernaam troch de maatskip Kuiper. De pleats leit oan it binnenpaad fan Easterein nei Reahûs. Op neamd perseel wie eartiids in einekoai. 

De foto is yn de begjinjierren nei de bou makke. Sije en Gerritje Zwerver, kuierje troch de nijbou.

Colofon

Bewenners Koaifinne

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Bauke de Boer
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s