Famkeskoar De Greideklanken
Famkeskoar De Greideklanken
Yn febrewaris 1970 kamen der in pear famkes út de fiifde klasse by master Hingst mei de fraach 'Kinne wy hjir yn Easterein ek in famkeskoar begjinne' en de twadde fraach wie, 'wolle jo dêr dan dirigint fan wurde?' Sa ûntstie it famkeskoar de Greideklanken. It waard in grut sukses. Na 18 jier is master Hingst op hâlden en naam Sjoukje Scheltema it oer. Troch de feroaring fan it oanbod yn sport en sa, rûn it oantal leden efterút. Yn 1994 is besluten op te hâlden mei it koar.
Nei de oprjochting yn 1970 krige it koar rûnom 1980 de fuotten goed ûnder it gat. Hast alle famkes wienen lid. Se bleauwen der lang open sa gong de kwaliteit gâns foarút. Se waarden oeral yn Fryslân frege om te sjongen. Foaral oan tsjerketsjinsten waard in protte meidien. Der moast ôfpraat wurde om maksimaal ien kear yn de moanne op te treden om de aardichheid te behâlden. Master Hingst wie ek dirigint fan in mannenkoar út Heech. Sadwaande waard der ek optredens fersoarge mei dit koar. Dat befoel sa goed, dat ek oare mannenkoaren. Edoza út Snits en it Kristlik Emmeloords mannenkoar. Yn 1984 is de in langspylplaat opnommen en yn 1988 nochris. Nei 18 jier droech master Hingst it stokje oer oan Sjoukje Scheltema. Yn 1989 hat it koar in ôfskiedsjûn oanbean, dit waard tagelyk in reüny. Sa as yn it boek stiet, tiden ha tiden en de feroaring fan de it libben fan de leden makke dat der minder leden kamen. Yn 1994 moast it beslút nommen wurden op it koar op te doeken. Der kaam in ein oan it koar dat 23 jier sukses hân hie.
Colofon
Boek Easterein, auteur Klaas Kooistra