Easterein fan boppe besjoen 2007
Keimpe Meijer en Meile Greidanus hawwe yn 2007 in bysûndere fotosearje makke fan Easterein. Meile wie doe kraanmasinist op ien fan de gruttere kranen yn Fryslân. Hy brocht Keimpe ta grutte hichte om út dat perspektyf wei it byld fan Easterein yn foto's te fangen. Mei as basislokaasje de noch net foltôge nijbouwyk It Appelhôf. Yn dit finsters binne de fotoos te sjen.