Doarpsargyf Easterein. de opset


Doarpsargyf Easterein. de opset
©: Berend Santema

Oer ús doarp Easterein is hiel wat ynformaasje beskikber. It probleem is lykwols dat dit net al te bêst tagonklik is. Hjoed de dei is dêr op ‘ienfâldige manier’ wat oan te dwaan troch wat der oer Easterein beskikber is te digitalisearjen, en fia ynternet te ûntslúten. Dermei wurdt it  foar elkenien tagonklik. Doarpsbelang Hâld Faasje hat no de stap setten foar it opsetten fan it Doarpsargyf Easterein. It doel hjirfan is it byinoarbringen en feilichstellen fan besteand- en takomstich argyfmateriaal en foar te kommen dat wat weardefol is, ferdwynt.

Troch it opsetten fan in doarpsargyf kinne alle ynwenners, âld-Eastereiners en wa dan ek mar, wer ’t se ek wenje op in hjoeddeiske en noflike wize tagong krije ta de doarpsskiednis en alles wat der mei anneks is. It giet om it gehiel fan  it doarpsbestean troch doarpsminsken en harren belutsenheid by it doarpslibben, dat te krijen hat mei it wenjen, it wurkjen, de tsjerke en skoalle, de ferdivedaasje troch û. o. sport, muzyk en toaniel. 

De Eastereiner skiednis giet alle dagen fierder en is sûnder mis de muoite wurdich om fêst te lizzen, trochferteld, besjoen, beharke en lêzen te wurden. De opslach hjirfan yn de wolken (“cloud”) biedt alle romte. Stap foar stap wolle wy it projekt útbouwe en it doarp derby belûke.  

Us doarp hat yn de rin fan de jierren tal fan-, en in grut ferskaat oan ferienings en foarmen fan gearwurking op geastlik-, sosjaal-, ekonomysk-, en maatskiplik flak kinnen en kin dy noch. De aktiviteiten fan dizze ynstellingen binne ûnder mear fêstlein yn notulen en yn guon gefallen jubileumboeken. Easterein mei der dan ek wiis mei wêze dat safolle Eastereiners en âld-Eastereiners it belang fan it fêstlizzen en beskriuwen fan de skiednis ûnderkend ha, en der wurk fan makke ha.

Yn it boek Easterein skreaun troch Marten L. de Boer, Klaas Kooistra en Folkert K. Reitsma is de skiednis fan doarp, omkriten, bebouwing, bewenners en fan it tsjerklik-, it ûnderwiis- en it ferieningslibben yngreven fêstlein. Dit boek is yn 1995 yn in beheinde oplaach útjûn troch printerij Van der Eems. It is in belangrike boarne fan ynformaasje oer it doarp en it doarpslibben. Mar ek yn de foar spesjale gelegenheden skreaune boeken en brosjueres stiet hiel wat ynformaasje. 

Tink mar oan:

• 1947 – S.D.S. – 1972 Jubileum-nummer “de Treffer”

• SDS 50 jier yn swart-wyt 1947 – 1997

• Twee sporen één weg Gedenkboek ter gelegenheid van 100 jaar Gereformeerd Kerk in Oosterend e.o. 1988

• “Een heiligdom binnenstebuiten gekeerd” 2014, oer de Martini tsjerke fan Andre Vink

• Film jubileum 50 jier doarpsbelang Hâld Faesje 1957-2007

• Poche en Blaze Wilhelmina 1898 – 1998

• Bûkelje en Boppeslaan 100 jier keatsen yn Easterein 1904 – 2004

• Fol Faasje Fierder; De earste fiif jier nei it 100-jirrich jubileum keatsen

En dan binne der noch de publikaasjes yn it Doarpskrantsje, sa as de Snypsnaren en Yn en om Easterein fan âld-Eastereiner Jan Hiemstra. Syn ferhalen, faaks mei foto ’s derby, jouwe in ynsjoch yn de tiidgeast en sketse dêrmei in byld fan it doarp en doarpslibben. Mar ek al dy âlde aansichtkaarten, en skoalle- en priveefoto ’s en filmkes binne fan it grutste belang om in moai doarpsargyf op priemmen te setten. 

Wij dogge ús bêst om ein maart “live” te gean op de website  www.easterein.argyf.nl  In earste begjin is dan al te besjen. Dernei wurkje we alle wiken fierder oan it doarpsargyf. Derbij dogge we ek graag in berop op jim allegear. Ha jim materiaal werfan jim tinke dat it geskikt is foar it doarpsargyf, meld dat dan oan de redaksje fan dizze site, sadat it neier besjoen wurde kin. Yn alle gefallen is it nedich dat de bron neamd wurdt en dat der tastimming is foar publikaasje.

De Kommisje Argyfeasterein.nl,  24 febrewaris 2022

Berend Santema, Durkje van der Eems, Jan Hiemstra, Folkje Visser, Andre vink en Jetske Santema

© Tekst: Berend Santema © Foto voorblad: Berend Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s