Pleats De Streek 13
Op it plak dêr 't de pleats oan de Streek 13 stiet, stie yn 1820 in houtseachmûne mei in wenning.
Troch in grutte brân gean yn 1826 sawol de mûne as de wenning folslein ferlern.
Earst wurdt noch werbou oerwage.
Mar de hierder, Heere Louws Reinalda, ferhuzet werom nei Easterlittens.
De tsjerkfâden keapje de restanten en litte der in pleats op bouwe.
It boujier is net presys bekend. It sil om 1850 hinne west ha.
De pleats is dus yn eigendom by de Ned. Herfoarme Tsjerke fan Easterein, en waard yn hier oanbean, wêrby 't de hierder fansels Nederlânsk Herfoarme wêze moast.
Op dizze pleats is twa kear de hier opsein omdat net of net genôch oan dizze betingst foldien waard.
De earste kear waard troch it kolleezje fan tsjerkfâden de hier opsein oan de famylje Vellinga doe 't sy de kar makken foar de oerstap nei de Gereformeerde Kerk yn Easterein.
Troch lotting kaam as nije hierder Wiebren Santema op de buorkerij.
Doe 't er om 1920 hinne frege oft syn soan Johannes Santema de hier trochsette koe as opfolger, oardiele it kolleezje fan tsjerkfâden foar de twadde kear negatyf.
Sa gie dat yn de tiid dat de wet noch gjin beskerming bea oan de hierders en de eigeners en rintmasters de tsjinst útmakken. Pas yn 1954 waard de hjoeddeiske pachtwet ynfierd.
Dwinger
Njonken de pleats rûn in paad nei de dwinger. Yn 1882 waard dy oanlein. Jelle S. Spoelstra hierde dizze grûn fan de tsjerke. Yn 1888 makke timmerman P. Jongema in oerkaping op 'e dwinger. Alle ' faecaliën ' waarden nei de dwinger brocht.
Yn 1904 naam de gemeente Hennaarderadeel de dwinger oer foar fl. 928, - en besleat hja ta it oanlizzen fan in better paad foar de berikberens fan de dwinger.
Dat kaam der pas doe 't Wiebren Santema yn 1924 ferstoar.
Dat paad joech ek in bettere ûntsluting fan de pleats Sjaardaleane 19. Earder moast Sjaarda oer it lân en de ' Slachbarten '. Dit nije paad wie in stik koarter.
Yn 1975 feroare de ûntsluting fan Sjaardaleane no 19 op 'e nij troch in oansluting te meitsjen op de Sjaardaleane 19. Lâns no 17. It âlde paad wat oarspronklik nei de dwinger rûn waard derút helle.
1. Yme Cornelis van der Meulen (* 1817 -1885) troud yn 1849 mei Tetje Jans Mellema (* 1820 - 1892) Beide binne berne yn Easterein.
Se krije in soan, Kornelis van der Meulen (* 1851)
2. Tiede Yme's Vellinga (* 1861 -1921) troud mei Ybeltje Wattes Nauta (* 1866 -1944) Sy hierden de pleats nei it fuortgean fan Van der Meulen yn 1886. Yn dizze perioade kaam it gedachtegoed fan Abraham Kuyper ek yn Easterein. Noemenswaard is hjir " Het gereformeerd kerkelijk congres te Amsterdam in 1887 ".
Dit spruts ek Tiede Vellinga oan. It waard in grut dilemma, se woene harren dochter Fokeltje (* 1887) net yn Easterein dope litte. Dat barde yn Heech troch Ds. L. Wagenaar. Ybeltje kaam fan Heech en koe de gemeente. Sy wie in boeredochter.
Dat de prinsipes fan Tiede grutte konsekwinsjes hiene, wie by harren dúdlik.
En yn 1890 kaam it brief fan de tsjerkfâdij, " dat der gjin fierdere hier plak fine kin ".
De reden:
omdat T.Y. Vellinga de lannen min ûnderhâlden hat mei bedongjen, behekkeljen en begreppeljen en wat noch mear fan in goede boer fereischt wurdt en dat er net mear by de Herfoarme Tsjerke heart, mar wol deeglik in bestrider derfan is.
Se ferhúzje nei de Wynserdyk 4. Vellinga giet wurkjen yn it Suvelfabryk. Tiede Vellinga hat in soad betsjut foar de Grifformearde gemeente fan Easterein.
3. 1890: Wiebren Johannes Santema (* 1854 -1927) troud yn 1890 mei Wypkje Jacobs Riegstra (* 1866 -1935) Se krije twa soannen. Spitigernôch ferlyze hja de earste Jehannes.
De twadde Jehannes bliuwt yn libben. Yn de berte akte stiet dat Wiebren "koemelker"is.
Wiebren hierde de pleats foar fl. 700, - jiers fan de tsjerkfâdij.
Doe 't syn soan Jehannes oanjoech dat er de pleats fuortsette woe, krige er te hearren dat dit net trochgie. Hy waard woegen en te licht befûn. Dêrop boude hy oan de Wynserdyk 55 in stjelppleats werfan de earste stien lein is yn 1921.
De pleats is in kopy fan de pleats op Streek 13.
Wiebren bleau oant syn dea ta op de Streek wenjen. Nei de dea fan Wiebren gie Wypkje as húshâldster wurkjen yn Hidaard.
4. 1925: Sible Willems Overal (* 1880 -1931) troud yn 1911 mei Setske Hylarides (* 1879 - 1959) Se krije twa bern, Antje in (* 1912) en harren soan Willem yn (* 1919 ).
Yn 1919 wennen se yn Tsjom. Dochs lizze de roots yn Easterein.
Syn âlden Willem Sible Overal en syn mem Boukje de Boer wennen yn Easterein oan de Grieneleane en wiene ek koemelkers. Willem folget syn soan op.
5. Willem Overal (* 1919 -2008) troud mei Margaretha Huitema (* 1924 - 2015) As Willem 12 jier is, komt syn heit te ferstjerren. Hy stiet te boek as feehâlder. Dêrneist wie er molkrider.
In sterke man dy 't in soad wurk ferset hat. Der binne 7 bern berne dêr 't spitigernôch fjouwer fan op jonge leeftyd ferstoarn binne. Twa kear in Setske, Sible en Greetje.
De soannen Bauke, Halbe en Klaas woene gjin boer wurde. De pleats hat in wenbestimming krigen en it lân fan de tsjerke is by in oare boer yn pacht útjûn.
6. Hjoeddeistige bewenners de fam. Sybesma
Colofon
Boek Easterein, Alle Friezen .nl