13. De Skoalseize


13. De Skoalseize
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra

De Skoalseize
Easterein hat hjoed-de-dei twa fuotbalfjilden, wêrfan der ien simmerdeis it keatsfjild is, in grut trainingsfjild, in lyts trainingsfjild, in tennisbaan en in sporthal. Om it sa fier te krijen hat sûnder mis de oprjochting fan SDS yn 1947 bydroegen. Mar dy klup hie gjin fjild. Der waard spile op in stikje greide by de Van der Valk-pleats oan de Itenserdyk en op it Dobbelân, it stikje lân oan de reed nei De Skoalseize. Yn de greide sieten greppels en it Dobbelân wie te lyts. 

 
In fuotbalklup sûnder fjild kin net. Der is yn dy tiid mar ien ynstânsje om soks te feroarjen: de tsjerkfâden fan de herfoarme tsjerke, de behearders fan huzen, pleatsen en landerijen. Soks docht ek bliken út de oantekens fan de tsjerkfâdijgearkomste fan 1947: ‘Verschillende dorpsvereenigingen vragen voor sportterrein af te staan het stuk land in huur bij H.F. Kuiper (it pleatske oan de Skippersbuorren) ter grootte van 6 pdm opgenomen in het uitbreidingsplan der gemeente en in de tweede plaats bij toestemming dit terrein voor rekening van de kerkvoogden in orde te brengen.'

Huurder Kuiper zou zeer gedupeerd zijn. Wanneer de gemeente te eenigertijd het land opeischt, valt er niets tegen te doen, maar het gaat thans om een besluit der kerkvoogden tot deze daad t.o. een klein landgebr. Algemeen afgewezen.’

 (foto is fan it lân wer't De Skoalleseize no is)

Sportvereniging Oosterend en omstreken

Om sterker te stean wurdt yn 1948 de 'Sportvereniging Oosterend en omstreken' oprjochte. Dit is in koepelorganisaasje fan gymnastykferiening ODI, ruterklup De Donia ‘s, fuotbalferiening VVO (letter SDS!) en keatsferiening Easterein. It ûnferwachte barde! Der kaam tastimming fan de tsjerkfâden. Boer Kuiper soe der gjin skea fan ha moatte, want de seis pûnsmiet wie sawat de helte fan syn bedriuwsgrûn. It stik der ’t no de sporthal stiet en ek sa ’n seis pûnsmiet grut is, koe Kuiper no fan de tsjerke pachtsje.
Om dit ‘nije’ perseel te berikken moast Kuiper lykwols oer in reed dy ‘t troch de seize rûn. Al rillegau is der dan in paad om it sportfjild oanlein.

De seize bliuwde eigendom fan de tsjerke mar koe no pachte wurde troch de 'Sportvereniging Oosterend en omstreken.'

Fan greide nei sportterrein
De seize wie in bysûnder stikje lân. De opbringsten wiene oarspronklik bestimd foar de koster fan de grutte tsjerke dy ’t tagelyk skoalmaster wie. Dêrom hat it sportpark letter de namme De Skoalseize krigen. 

Foar de oarloch wie der al in hoekje grûn fan de seize ôfsnobbe dat grientetún foar master Froentjes waard (it stikje dat no tusken de dyk en de klaairomte leit) en yn de oarloch barde dit noch in kear. De Dútsers fûnen gymnastyk en bûten boartsje tige wichtich en dêrom wie der yn it uterste hoekje fan it lân tsjin de feart oan, sa ’n bytsje achter it hûs fan bakkerij Dantuma (Skilplein) , in betegele pleintsje mei in sânbak oanlein.
                 
 Op dit stik greide ha wy no De Skoalseize. De feart leit noch op itselde plak. Dit is in byld fan foar de Twadde Wrâldoarloch.

 
De maneezje

Op de greide moasten in maneezje en in fuotbalfjild komme. De maneezje koe moai op it hoekje tusken Elba en de sânbak, mar de klaai moast earst wol ferfongen wurde troch sân. Wikenlang lizze der sânskippen fan it formaat skûtsjes oan de Skippersbuorrenfeart om dêr sân te lossen. Leden fan De Donia ’s ferfiere dit nei de maneezje. De bûtenste kant der ’t de hynders oer drave, wurdt ferstevige mei in sintelpaad mei sintels út it fabryk oan de Itenserdyk. De berch modder komt moai te pas. 

 
It fuotbalfjild

Mei de grûn út de maneezje, knipklaai, (= oude blauwe zeeklei) wurde de greppels ticht- en it it fjild lykmakke. As dat dien is moatte de puntsjes op de i setten wurde. Dêrfoar is de wals fan de gemeente Hinnaarderadiel in probaat middel. Mei walsmasjinist Pieter Yemes Hiemstra oan it stjoer giet dy der oerhinne. Dêrnei is it lân sa glêd as in spegel en kin der fuotballe wurde! Mar der is dan wol ien grut nij probleem: troch de kombinaasje knipklaai en it gewicht fan de wals waard de boppelaach wetterticht. 

 
Drainaazje

It fjild wie no wol flak, mar min brûkber. Ek dit koe oplost wurde. Omstreeks 1949 wiene der hiel wat wurkleazen. Yn it ramt fan in wurkleazenprojekt waarden se oan it wurk setten en it sportterrein draineare wurde. De wurkleazen wiene dit wurk faaks net wend. Se kamen mei de strik foar en de skuon oan op it wurk en ferstrûpten harren by Bauke de Jong yn it bûthús. Yn sleuven fan sa ‘n 90 sm djip en 20 sm breed kamen de oranje drainairbuiskes te lizzen; wat turfstruisel, as in soarte spûns, deromhinne, wat takken der boppe op om it wetter goed troch te litten en dêrnei deselde klaai dy ’t út de sleuven groeven wie om it gehiel flak te meitsjen. Oanstampe mocht net al te folle, want oars soe der gjin wetter mear trochhinne wolle. It gefolch waard dat de earste jierren nei de drainaazje de gleuven hieltyd wer oanfuld wurde moasten; mar de foarried maneezjemodder wie grut genôch. Mar it twadde gefolch fan de hiele operaasje wie dat it hast neat jûn hie. De laach boppe de buiskes liet it wetter like min troch en troch it egalisearjen waard dizze laach hieltyd tsjokker. 

De beamwâl

Tagelyk mei it drainearjen is der troch de pleatselike fruitkweker R.R. van der Valk in beamwâl om it fjild plante. De beammen dy ’t no oan de lingte kanten fan it fjild steane binne noch foar in part út dy tiid.

It fjild is klearkommen. Yn 1950 waard it troch boargemaster Van Hout iepene en wie der as attraksje hazzewynhûnedraven achter in kûnsthazze. Ik wie derby en fûn it geweldich.

 
Letter is hat fjild ferskate kearen op ‘e nij oer de kop west en nei it oanbringen fan lagen sân en in bettere drainaazje waard it fan it fjild der ’t yn hjerst en winter sawat nea op spile wurde goed, ta in moai fuotbalfjild. Mar tiden hawwe tiden. SDS is hieltyd grutter wurden, de fraach nei mear kapasiteit en trainingsromte wie allinne mar op te fangen troch it fjild op ‘e nij goed ûnderhannen te nimmen. En no ’t jimme dit stikje lêze leit der yn plak fan de poer bêste knipklaai in tige modern keunststoffjild op ús Eastereiner grûn.

 

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen