De Ald skoalle letter Us Gebou


De Ald skoalle letter Us Gebou
©: Jetske Santema

De Ald Skoalle

Yn 1874 waard op kosten fan de Tsjerke oan de Tsjerkebuorren in nij gebou delset mei in wenhûs. It gebou tsjinne as "Bewaar-, naai- en breischool". Lang hat it dizze funksje net hân. Yn 1882 waard de earste kristelike skoalle te lyts en ferhuze hjirhinne. It hat oant 1892 tsjinst dien as skoalle. Dernei krige it de bestimming fan ferieningsgebou fan Easterein. Nei dat it ferboud wie yn 1956 krige it de namme Us Gebou, dêrfoar waard it “de Ald Skoalle” neamd.

Colofon

Boek Easterein

© Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear