Pleatsen Reahus E.O.


Pleatsen Reahus E.O.
©: Beheerder Dorpsarchief Easterein

Reahús; fan Buertskip nei Doarp

Yn it boek " Easterein " jout Folkert K. Reitsma gesicht oan de histoarje fan omjouwing, lân, pleatsen en har bewenners fan it grûngebiet rûnom Reahús.
It grûngebiet hearde yn it fiere ferline ta Easterein.
De eigendom fan de Ned.Herf.Tsjerke fan Easterein leit ek om Reahús hinne.
De tekst fan Reitsma út it boek " Easterein " is as dokumint taheakke oan dit finster.
It ferhaal nimt dy mei troch de skiednis fan de omjouwing, de machtsstruktueren en de ûntwikkeling fan de lânbou. Foaral de muoite wurdich om te lêzen ast de finsters fan oare pleatsen delrinst.


Yn it " Boerderijenboek Hennaarderadeel 1511 -1698 " skreaun troch D.J. van der Meer en útjûn troch de Fryske Akademy yn 2004 is de situaasje fan dizze perioade sekuer dokumintearre.
Dêrby giet it om gegevens fan de stimdragende pleatsen, harren eigeners en brûkers fan de tolve doarpen fan de grytenij Hennaarderadeel.
De plattegrûn fan it stimgebiet fan Easterein en de nammen fan de 52 stimhawwende pleatsen binne ek yn it boek opnommen.

Colofon

Boek Easterein, Boerderijen in Hennaarderadeel.

© Tekst: Berend Santema © Foto voorblad: Beheerder Dorpsarchief Easterein
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’sDokuminten