Pleatsen
It bûtengebied fan Easterein is frij grut. Ta dit bûtengebied hearre ek de buorskippen Meilahuzen (en wol de Pôle neamd) en Skrok. Oant 1955 ta foel de RK enklave Reahûs ek ûnder dit bûtengebied. Dit gebied bestiet folslein út greide mei dêryn de pleatsen as 'bedriuwsgebouwen'. Dit komt omt op de knipklaai foaral gers groeie wol en dêrom geskikt is foar feehâlderij.
Yn it boek Easterein hat F.K. Reitsma in grut tal fan dizze pleatsen beskreaun. Fan elke pleats is in finster makke op it húsadres. Ek fan in tal pleatsen út Reahús, fanâlds yn eigendom fan de tsjerke fan Easterein. Yn de finsters binne wy fierder gien mei de ferwurking fan de gegevens fan nei 1995 oant hjoed-de-dei.
Colofon
Boek Easterein, Alle friezen.nl, Kadaster