Bewenners Pastorij
De pastorij is boud yn 1861 troch û.o. Jelle ArjensTimminga. Hy docht syn namme eare oan. Hy hat tal fan gebouwen yn Easterein ' timmere '. Njonken de pastorij, it doktershûs, it hûs oan de Sibadawei 4-6 ( neist it kafee). En ek it hûs oan de fan Eijsingaleane 4. Hjirûnder de bewenners fan de pastorij troch de jierren hinne.
1. Willem Arnold Becking (1813- 1872) en Aaltje Stoker (1823-) kommen fan Genemuiden, dûmny ferstoarn yn 1872 te Easterein.
2. Jan Frederik Lodewijk Muller (1839-1895), en Lucia Columba Murraij Bakker (1840) kommen yn 1874 fan Haringkarspel en fertein yn 1882 nei Heenvliet.
3. Jacobus Johannes van der Weijde ( 1836-1906) en Jannina Hendrika van Beemen (1846-1933) kommen yn 1882 fan Balk, dûmny ferstoar yn 1906 yn Easterein.
4. Hendricus Haselager (1871-1937) en Wilhelmina Hoedemaker ( *1873- 1937) Haselager is predikant van1908 tot 1924. Dêrnei is er fertrokkken nei Baambrugge.
5. Geert de Vries (1881-1950) en Epkje Hoekstra (1883) kommen yn 1924 fan Stedum en gien yn 1928 nei Heerde.
6. Hendrikus Guittart (1878-1934) en Johanna Maartje van Weel (1875) kommen yn 1928 fan Ouwsterhaule, ertein yn 1932 nei Raamsdonkveer.
7. Hendrik Cornelis Jacobus van Deelen ( 1900-1994) en Elsien Pieterson (1896) kommen yn 1932 fan Eastermar en gien yn 1937 nei Vaassen.
8. Poppo ten Have (1900- 1952) en Hendrika Bax ( 1898-1993) kommen yn 1937 fan Noordlaren en gien yn 1946 nei Rozendaal.
9. Willem Nijenhuis (1916) en Nelly Groot (1920- 1992) kommen fan Maasdam en yn 1949 fertein nei Loosduinen.
10. Christiaan de Bruin (1904- 1991) en Antoinette Wijnbelt (1911) kommen fan Engelen, yn 1969 fertein nei Frentsjer (mei emeritaat)
11. Cornelis Vijfhuizen (1930) en Johanna Maria Schellingerhout (1938) kommen fan Nieuw- Buinen, yn 1977 fertein nei Dedemsvaart.
12. Willem Pieter van der Hoeven(1948) en Hilly Louise Kok (1946) kommen fan Leek en yn 1983 fertein nei Amerongen.
13. Cornelis Pieter Wijnberg (1955) en Johanna Gerrigje Westeneng (1962) kommen fan Genderingen en fertein yn 1990 nei Groesbeek.
14. Hendrik Klaas Zijlstra (1948) en Rikstje Antje Witteveen (1950) kommen fan Tijnje en Nijbeets, út de Pastorij ferhúze yn 2000.
Dit gong ûnder protest fan Zijlstra. Him wie in nije pastorij tasein, mar dy moast nei de ferkeap fan de pastorij noch boud wurde. It waard in tydlike oplossing yn in hierhûs oan It Eeskwerd. Dit mei noch oare saken soarge foar ûnienigheit yn de gemeente, mei as ein risseltaat in breuk tusken de dominy en de tsjerkeried, en it fertrek fan Zijlstra. It bouwen fan de nije pastorij fûn úteinlik plak yn 2007 oan de Populiereleane 9.
15. Menno Landstra kocht yn 2000 de pastorij en wennet (2023) der no noch.
Colofon
Boek Easterein