Oanlis Glêstriid


Oanlis Glêstriid
©: Jetske Santema

Glêsfezelgearkomste yn Easterein! 

We binne hast safier dat de bekabeling fan glêsfezel yn ús doarp trochgean kin. Foar elkenien dy't noch twivelet is der op 26 septimber in gearkomste yn kafee Bergma Easterein om 20.00 oere. 

Der is in minimum oantal oanmeldingen nedich om útein te setten mei de oanlis fan it glêsfezelnet. Twa partijen, te witten DFM op glês en Glasvezel Buitenaf komme hjiroer fertelle op 26 septimber yn gearwurking mei partner Webish ICT út Frjentsjer. Der wurdt soarge foar in wiet en in drûch! Dus skrom net en stap efkes binnen dizze jûn! 

Doarpsbelang Easterein ropt op om jo oan te melden by DFMopGlas / Glasvezel Buitenaf, om't by foldwaande oanmelding, ek de skoalle -, sport - en soarchfoarsjennings en bedriuwen yn it doarp fan glêsfezel foarsjoen wurde sille. Elke oanmelding dy't fia de partner Webish ICT dien wurdt, smyt dêrneist € 10,00 op foar in feriening nei kar. 

It oanbod 
DFMopGlas is op dit stuit de iennige partij mei in oanbod foar alle (doarps)kearnen yn Súdwest Fryslân. It oanbod bestiet út in jier abonnemint by ien fan de fiif tsjinstoanbieders en in ienmalige bydrage fan € 250, - foar de oansluting. Dêrneist wurde jo lid fan de koöperaasje. Dat lidmaatskip is € 10, - it jier. Wisten jo dat jo as lid fan de koöperaasje mei-eigener fan it netwurk wurde? In Frysk netwurk foar inoar en mei-inoar dus! 

Wêrom kieze foar glêsfezel? We brûke hieltyd mear data en dit freget in soad fan ús ynternetferbining. Tink oan studearjen, gamen, Netflixen, muzyk streame, bankieren, soarch op ôfstân, befeiliging, thúswurkjen en alderhande tûke apparaten. Glêsfezel kin in ûneinich tal data oan en jo binne dêrmei taret op de digitale takomst. En net alhiel ûnbelangryk, kieze foar glêsfezel jout jo frijheid om te kiezen. Jo binne aanst net mear ôfhinklik fan ien oanbieder. 

Opjaan foar glêsfezel 
DFM op Glas kin allinnich in glêsfezelnetwurk oanlizze as 35% fan de bewenners binnen de beboude kom fan de gemeente Súdwest-Fryslân mei docht. Dizze kâns komt net samar wer foarby. Lit ús mei-inoar kieze foar glêsfezel, dan binne ek de (doarps)kearnen klear foar de digitale takomst! En bliuwt Easterein oantreklik om yn te wenjen, wurkjen en rekreëarjen! 

Mei freonlike groetnis, Doarpsbelang Easterein

Colofon

Dorp

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s