9. Yn en om Easterein (nei Tsjerkebuorren 5) troch Jan Hiemstra


9. Yn en om Easterein (nei Tsjerkebuorren 5)  troch Jan Hiemstra
©: Onbekend

Op ‘e tsjerke midden yn it doarp nei, binne der net mear ‘echt’ âlde gebouwen yn Easterein, en dan bedoel ik gebouwen fan foar 1800. Oant 1941 ta wiene it der noch twa. Ien dêrfan is doe kompleet ôfbrutsen en yn 1985 barde dat mei de helte fan it oare dat no Tsjerkebuorren 5 is. Spitich foar in doarp mei de status fan ‘beskerme doarpsgesicht’. 

 
De âlde skoalle

It kompleet ôfbrutsen gebou stie op de oergong fan it tsjerkhôf nei wat no Tsjerkebuorren 5 (It Kleaster) is. Yn it Doarpskrantsje fan juny 2020 freget Karin Everhardus omtinken foar dit gebou. No folget in foto fan itselde gebou, mei it sicht op Tsjerkebuorren 19.

                      

 
Nei ’t it gebou rjochts op ‘e foto likernôch 1819 as skoalle ôftanke waard is it in wenhûs wurden. De lêste bewenner wie Andries Dijkstra dy ’t dêr in winkel yn boere-ark, peteroalje en klompen hie. It wie de heit fan Andries Dijkstra dy ’t mei Albert Terpstra en Minne Bonnema yn 1904 de earste Eastereiner Freulewinners waarden.

It hûs stie op in ûngelokkige en fochtige plak, want ien fan de muorren wie út de pastorij feart oplutsen. De foarkant stie diels op it paad rûnom it tsjerkhôf, sadat begraffenisstoeten der lestich lâns koene. Nei ’t it hûs yn 1941 ôfbrutsen wie, bleau it ûnderste part fan de muorre as wâlbeskoeiïng stean. Om in foar my ûnferklearbere reden is dit stikje muorre yn de doarpsfernijing fan de tachtiger jierren der weihelle.

 
Brechje en feart

It brechje oer de feart foarme it paad nei Tsjerkebuorren 5 en Elba. De feart om de moestún bûgde foar in part links ôf, mar gie ek rjocht troch. Tsjerkebuorren 5 lei kompleet op in eilantsje. Dêr is no neat mear fan werom te finen, mar oant de oanlis fan de ferbining ‘t Heechhiem en Stittenserleane wie soks noch te sjen. Wat op dizze foto fierders opfalt is dat der oan de oare kant fan it brechje in stalt (= houden vlonder) oan it wetter leit. Tsjerkebuorren 11 is noch net ta ien gehiel mei it hûs dêr neist ferboud. Tsjerkebuorren 5 hat ik rike histoarje.

 

 

It kleaster

Op 16 desimber 1453 liet de net troude Doet Donia dy ’t wenne op Stittens in testamint opstelle dat foar it ûntstean fan It Kleaster fan grut belang waard. Yn dit stik kaam te stean dat dizze frou by har ferstjerren har hûs en har lân oan de tsjerke fan de Hillige Martinus skonk. Der wie lykwols in betinkst; it hûs op Stittens der ’t Doet wenne, moast folslein ôfbrutsen en deun by de tsjerke wer opboud wurde. Op 1 febrewaris 1455, nei ôfrin fan de perioade wêryn beswieren tsjin dizze transaksje yntsjinne wurde koene, waard de oergong neffens F.K. Reitsma yn syn publikaasje ‘Dotthe tho Stittenze gaefrow thoe Aesterend schenkt al haar onroerend goed thoe der tzercke, 1 febr. 1455’ (1989) beslikke. Pastoar Teake naam de jefte oan. Op it plak der ’t dit hûs delsetten is sil yn de rin fan de iuwen hiel wat feroare wêze. Op it earste gesicht is der yn it besteande gebou neat út it ferline oerbleaun, mar it soe fan belang wêze nochris bouhistoarysk ûndersyk te dwaan en fûnemint op te graven.

 
Boerespultsje

Der ’t de peal oan it begjin fan it paadsje stie gong de feart dy ’t ûnder it brechje weikaam nei rjochts. De feart op dizze foto wie al op dit punt
ticht makke, krekt as it part dat foar de hokken (Skippersbuorren) lâns rûn. Yn beide gefallen wie der foar it trochstreamen fan it wetter buizen oanlein. It wenhûs dat op de foto foar it hege part (de stâl mei de heasouder stiet is no (2020) de helte koarter. Doe wiene it noch twa wenhuzen, mar it foarste rekke tige yn ferfal. Troch de eigener fan it gehiel Hilbrand Brandsma waard it as ‘hinnehok’ brûkt wylst yn it no noch besteande diel syn dochter Wiep mei Bauke de Jong wenne. Nei hinnehok waard it noch in skoftke ‘âldheidskeamer’. De romte hat sels noch in tiid in slachterij west! Op de duur waard it bousel sa min dat de jonges fan Bauke Wiep it ôfbrutsen en foar de wenromte fan heit en mem in nije muorre opmitselen.

 
Ryksmonumint?

Der binne ea prikken yn it wurk steld om fan it gehiel in ryksmonumint te meitsjen en it gehiel yn âlde gloarje (hoe ’t dy der dan ek útsjoen hie) te restaurearjen. Dat is net slagge. Sa ‘t it gebou der no stiet falt net op te meitsjen dat de hjoeddeiske wente op in plak stiet mei in romrofte histoarje.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen