8.Yn en om Easterein (Skilplein 1) troch Jan Hiemstra


8.Yn en om Easterein (Skilplein 1)  troch Jan Hiemstra
©: Privecollectie

Tal fan Eastereiner beukers út de perioade 1947 – 1954 ha by ‘juffer Rinkje’ (Rinkje van der Wal) yn de klasse sitten. Doe ’t ik yn 1947 op de beukerskoalle kaam, kaam sy der ek. Noch net as juffer, mar as in jong fanke om it fak by Anneke van der Meer te learen. Ik wit net mear hoefolle dagen se ‘staazje’ rûn, mar se wie yn dat earste jier ek noch faam by Tiede Hijlkema oan de Wommelserdyk (no Van Eijsingaleane 27) en gong nei de oplieding foar beukerliedster yn Snits. Dat ferrûn allegearre poer bêst en se helle har ‘akte’ (diploma) as beukerliedster.

Juffer Anneke waard yn 1948 yn Wommels beneamd. Dêr kaam doe ek in beukerskoalle. Rinkje folge har, noch mar 17 jier âld, op. Se wie noch wol hiel jong, mar hie it fak yn de fingers. Op de foto sjogge wy de jonge juffer Rinkje by de doar der ’t tal fan bern yn de rin fan de jierren trochhinne gongen binne.



Dyselde Rinkje komme wy ek tsjin op de foto op de oare side mei de klasse dy ’t se yn 1951 hie. Dy foto is op in hiel bysûnder plak nommen. It is no in part fan de dyk oan de efterkânt fan de huzen fan it Skilplein en de kopse kant fan de Skoalseize. Hjir rûn oant 1958 ta in feart. It wie in ferbining tusken de Skippersbuorrenfeart en de Sebeare. Oan de parkearplakken mei no de glêskontener wie de sânbak der ’t de bern fan de bewarskoalle yn boarten. De foto is ûngefear op dit plak makke. 

De sânbak

Yn de oarloch (WO II) fûnen de Dútsers ‘beweging’ belangryk en soks moast al mei de bern begjinne. Dêrom waard der op it plak op dizze foto in sânbak oanlein. Tusken Skilplein 25 en doe noch de legere skoalle (no Skilplein 27) kaam in paadsje mei in brechje oer de feart foar ‘t Heechhiem 7. Ferfolgens in tegelpaadsje nei links op it plak der ’t no it trottoir lâns de dyk nei De Skoalseize leit. Op ûngefear de yngong nei de kantine bûgde it paadsje links ôf en dan kamen je by de sânbak. Dêr waard in gat groeven der ’t reade sân yn kaam en foar de sânbak kaam in tegele pleintsje. De  
bern koene dêr boartsje en …. gymnastykje.



By it iepenjen fan de foto's kin men per bern de nammen besjen.
 

Nei de oarloch moast alles wat troch de Dútsers betocht wie sa gau as mooglik ferdwine. De sânbak fertutearze. As kattebak die er it geweldich, mar foar bern net mear geskikt om te boartsje. Boppedat waarden de bern fan it reade sân sa smoarch as bargen.

Mar tiden hawwe tiden en soks jilde ek foar de sânbak. Ein 40-er jierren kamen de minsken dy ’t der ferstân fan hiene dat beweging ek foar pjutten en beukers goed wie op it idee de âld sânbak te renovearjen. De tegels foar de sânbak waarden op ‘e nij lein, it gat der ’t it sân yn lei waard op ‘e nij útgroeven, der kaam drainaazje op ‘e boaiem. It reade sân waard ferfongen troch giel, it tal m2 waard útwreide, der kaam in kreas stek omhinne om minsken en bisten ‘bûtendoar’ te hâlden en der waard in oerkaping mei in bankje makke der ’t de bern sitte en boarstje koene as it waar net alte-alte wie. Ik tink dat de sânbak oant 1964 doe ’t de beukerskoalle ferpleatst waard nei Vrijburg 1 yn gebrûk west hat.

Op de foto boppe-oan stiet de klasse mei de lieding. Mei Tjerkje de Vries (Kooistra) ha ik de foto besjoen. Wy koene net alle bern thúsbringe, mar de nammen der ‘t wy fan tinke dat wy it witte folgje, somtiden mei in fraachteken en as wy it hielendal net wisten allinne in fraachteken.

 

 

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Privecollectie
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s