7- 8. Lytse selsstannigen


7- 8. Lytse selsstannigen
©: Onbekend

Snypsnaren troch Jan Hiemstra Diel 1

Lytse selsstannigen

Yn 1950 wiene der yn Easterein hiel wat ‘lytse selsstannigen’ sa as de winkelman, de bakker en de timmerman. Se hiene gjin fêst ynkommen en wiene ôfhinklik fan de Eastereiners en de bewenners út de omkriten. Ek de boeren wiene selsstannigen, mar dy hiene dochs in oare posysje. Yn dizze Snypsnaren en dy fan maart wol ik it oer de winkel- en ambachtslju ha.

Winkeltsjes, bedriuwkes, winkeltsjes

It grutte tal winkeltsjes en bedriuwkes yn 1950 wie in gefolch fan de tritiger jierren. Doe wiene nochal wat minsken sûnder wurk. Sa nedich krigen se fan de earmmaster of de diakony in lytse útkearing. Om dan dochs wat better te krijen begongen guon foar harrensels. Easken om in saak te begjinnen wiene der net. Dit rûn út de hân en dêrom kaam de ‘Vestigingswet kleinbedrijf’ 1937 der. Wa ’t der al ‘siet’ mocht sitten bliuwe en nijkommers waard net in protte yn de wei lein. Earst yn 1954 waarden de rigels mei de ‘ Vestigingswet Bedrijven’ stranger en moasten minsken dy ’t in ‘ûndernimming’ begongen foldwaan oan de easken fan ‘vakbekwamens en algemene ondernemersvaardigheid’ (it ‘middenstânsdiploma’). Ek no wer mocht wa ’t siet, sitten bliuwe.

Yn dizze en de Snypsnaren fan maart wol ik ris neigean wa ’t dy minsken wiene en wat se diene. Om dit dúdlik te meitsjen, meitsje ik in rûntsje troch it doarp sa as dat der yn 1950 útseach.

Wommelserdyk 

Ik kom dan fan de Wommelser kant it doarp yn en brûk de strjitnammen sa as dy doe brûkt waarden. Offisjele strjitnammen wiene der noch net. Der ‘t wy wennen waard oantsjutten mei Schipperskade 85, Oosterend of  koarter: mei Oosterend 85 (no ‘t Heechhiem 7). Ik begjin oan de rjochterkant. It earste hûs der ’t foar tal fan Eastereiners in belangryk man wenne, wie wat no Van Eijsingaleane 19 is. Dêr wenne gjin ‘echte’ ûndernimmer, mar wol ien der ’t tal fan ûndernimmende en net ûndernimmende Eastereiners mei te krijen hiene: Yde Minnes Sjaarda, de kassier fan de boerelienbank. De earste ‘echte’ selsstannige wenne op nûmer 17: Jacob Reitsma. Hy wie weinmakker, mar doe ’t der hieltyd minder (haai)weinen kamen, waard er der fytsmakker en ynstallateur by. Letter kaam de garaazje fan Hendricus Faber hjir. In pear huzen fierder wenne dokter Klarenbeek. Ek in dokter wie mei syn apoteek oan hûs ûndernimmer. Wer in pear huzen fierder op nûmer 7 wie de ‘timmerwinkel’ (sa waard it wurkplak fan de timmerman neamd) fan Andries Veenstra. Der ’t Veenstra oan it wurk wie, hie dêrfoar de jachtweide fan kafee ‘De nieuwe Doelen’ west. As lêste selsstannige deun by de brêge stie de bakkerij fan Hendrik van der Brug. Oan de oare kant fan de dyk wenne en wurke op nûmer 6 snider (= kleermaker) Johannes de Vries, de heit fan oargelist Balt. 

Plein

Fanôf Wommels ride jo der noch altyd rjocht op ta: direkt oer de brêge wie de herberch mei Jan Bergsma, de pake fan Jan en Titus, as kastlein; no Noflik Easterein. Direkt rjochts oer de brêge stie it hûs mei de grientewinkel fan Johannes Ypma. Nei him kaam it ynstallaasjebedriuw fan Houtsma dêr. It hok fan de bruorren Vellinga, der ‘t strie yn opslein waard, wie oan dit hûs fêstboud.

De Lytse Leane

Fan it Plein nei de ‘gruttsjerke’ gongen je troch de Lytse Leane, no Foarbuorren. Dizze strjitte begûn mei de smidderij fan ‘baas’ Johannes Dekker. De oantsjutting ‘baas’ waard foar ambachtslju brûkt. Hjir stiene de hynders dy ’t beslein wurde moasten, oan de muorre. Dêrnei kaam de ‘ferverswinkel’ fan Wander Bruinsma en op wat no Foarbuorren 17 is folge it krudenierswinkeltsje fan frou Kuipers. Nei frou Kuipers kaam de slachterij fan Rouke de Jager. Komme wy dan op nûmer 7 dan wenne dêr Jan Wijbrandi. Dy hie dêr ek in krudenierswinkel. Op nûmer 5 kamen wy by Gabe Wijnia dy ’t dêr mei broer Tjeerd en mem Foekje wenne in lapkewinkel (= textielzaak) hie. Hielendal oan de ein stie De Oude Zaak fan skuonmakker en -ferkeaper Murk Okkema. Tsjinoer dy skuonmakkerij hie Jan Vellinga syn krudenierswinkel en benzinepomp, mei dêrneist de opslachloads foar foeraazjehannel ‘Bruorren Vellinga’. Tsien ‘saken’ op in lingte fan … 200 meter!

Hidaarderdyk

Wy geane no earst wer werom nei it Plein en dan rjochting Hidaard: de Hidaarderdyk. Oan de rjochterkant oer de brêge stie it hok fan smid Dekker mei de ‘hynstestâl’ wêryn de ‘wylde’ hynders beslein waarden. Dêrnjonken hie Durk ten Dam syn slachterij. Yn it grutte hûs dat dan komt wenne ‘grutte Rients’ (Rients Rienstra) dy ‘t in foeraazjehannel hie en yn 1950 mei de hiele húshâlding nei Amearika ferfear. Oan de linkerkant (it twadde hûs) wiene de grientewinkel fan Jeltsje Feenstra en dêrnei it bedriuw fan elektrisien en pomphâlder Thomas Houtsma.

No ha wy sa ûngefear de helte fan it doarp hân en telle al 21 ûndernimmingen. By al nammen hearre gesichten en in grut tal dêrfan binne te finen yn it boek ‘Easterein’ troch Marten L. de Boer, Klaas Kooistra en Folkert K. Reitsma dat yn 1995 útjûn is troch Van der Eems. Sykje it ris op en sneup der ris trochhinne. Yn maart gean ik dan fierder fierder mei de oare helte fan it doarp.

Snypsnaren troch Jan Hiemstra diel 2

De Snypsnaren fan maart 2016 einigen mei de de alinea ‘No ha wy sa ûngefear de helte fan it doarp hân. ……. Yn maart gean wy fierder mei de oare helte fan it doarp. En safier is it no.

Om de tsjerke

Wy geane no earst oer it brechje oan de ein fan de Lytse Leane en lâns de noardkant fan de tsjerke: links de ‘pastorij’ en it paadsje nei it komelkershúske. Op wat no Tsjerkebuorren 19 is, wie de tekstyl saak fan Haaije Bergstra mei dêr tsjinoan it hûs der ‘t ‘post’ Rinze Zijlstra dy ‘t yn de wenkeamer alles wat mei tabak te krijen hie ferkocht. Neist  it ‘steechje’ kaam de VIVO-krudenierswinkel fan Tiede Alie (Ypma).

Trije Eastereiner winkels op in rychje yn de fyftiger jierren: de tekstyl saak fan Bergstra, it wenhûs mei de tabaks’winkel’ fan ‘post’ Zijlstra en de VIVO-winkel fan Tiede en Alie.

It stikje grûn dat dan komt is it plak fan in ôfbrutsen hûs. Wy binne dan by Tsjerkebuorren 25 der ’t ferver Uilke Romkema wenne dy ‘t oan de efterkant (Skilplein) syn ‘ferverswinkel’ hie. Op de hoeke nei it skoalplein wenne Cornelis (Cees) van der Eems dy ’t oan hûs syn kopiearbedriuw hie mei (oan de kant fan It Kniplokaeltsje) in boekwinkel anneks winkel yn húshâldlik guod.

Skoalplein 

Oan it skoalplein (Skilplein) stiene de legere skoalle en de beukerskoalle. Foar de bern yn dy tiid wie dit it sintrum fan de wrâld! Op it skoalplein sil oarspronklik grif in laach skil (skulpegrús) lein ha, mar yn 1950 lei der grint op. Oan it skoalplein yn de fierste hoeke stie de bakkerij fan Siebe Dantuma. (It stiet noch altyd boppe de doar.) Tsjinoer dizze bakkerij wenne Homme Joustra dy ‘t mei broer Ype in brânjehannel hie. Tsjinoer de ferverswinkel fan Romkema wenne frachtrider Sjuk Sandstra.

Geane wy by it ‘skoalhûs’ links ôf nei de Skippersbuorren dan ha wy oan de rjochterkant in winkel. Dit wiene acht wenhuzen. Yn it earste (no it begjin fan ’t Heechhiem) wennen Tjalling en Lip Sietsma. Se ferkochten peteroalje en krudeniersartikelen. Neist har (oan de kopskant) wenne Marten Boersma dy ’t mei fleis sutele (= venten). Gean wy dan nei de oare kopskant dan wenne dêr Sietze Sijtsma dy ‘t hannele yn ‘tweedehandsgoederen’ en mei de bel troch it doarp gong. Nuvergenôch wiene Tjalling Sietsma en Sijtse Sijtsma bruorren!

Skippersbuorren

It brechje tusken it blokje fan acht en de Skippersbuorren is der ûndertusken net mear, want de feart foar de hokken lâns waard noch foar de twadde wrâldoarloch dimpt. Dat barde letter ek mei it stik nei it sportfjild en fierder. De minsken dy ’t dêr wennen, wennen lykwols doe noch oan de Skipperskade. Yn it earste hûs (’t Heechhiem 1)  hiene Albert en Rinze Muurling harren brânstofhandel, mei dêrby noch harren hok oan de feart en it skip.  Twa huzen fierder wie de skuonmakkerij fan Pieter Hiemstra yn it bûthúske der ‘t earder de kij stiene. Oan de efterkant fan dit blokje fan fjouwer wie de hannel yn kofje, tee en húshâldlik guod fan Jan en Sibbeltsje Bosma. Lâns de Skippersbuorrenfeart wenne timmerbaas Arend Leeman en dêrneist Jaring Postma dy ’t in frachttsjinst per boat hie. Wer wat huzen fierder (no nûmer 11) kaam de tekstylwinkel fan Gerrits Ide (Joustra). Yn it lêste hûs wenne Hilbrand Brandsma en dy ferkocht foar de feroaring peteroalje.

De Streek en Tsjerkebuorren 

Wy geane werom oer it skoalplein nei de Tsjerkebuorren. Yn it twadde hûs op nûmer 31 hie Johannes Strikwerda syn bakkerij. De bocht om (de Streek) bringt ús lâns in hûs dat yn de sechstiger jierren boud is op it plak der ’t de krudenierswinkel fan Ulbe Willemke (Sandstra) stie. Oer de brêge oan de rjochter kant (it twadde hûs) wenne bakker Syb Arema. Fierderop hie Tinus Levering syn peteroaljehannel. Werom oer de brêge kamen wy lâns in krudenierswinkel. Harke en Johanna Kamstra wiene der krekt út en Hendrik de Jong waard yn de ferboude winkel de nije Sparwinkelman. Neist dizze winkel hie kapper Thaede Hayes syn saak. Op de hoeke fan De Streek en de Tsjerkebuorren ferkocht Jelle Visser ûnder de namme ‘Warenhuis De Kroon’ boartersguod en tekstyl. Foar de brêge kaam dan noch de slachterij fan Sjoerd Bouma.

Griene Leane en Pôle

Wy binne sa stadichoan fierhinne mei ús tocht troch it doarp en krije allinne de Griene Leane (Grutte Leane) noch. Dizze begûn mei de ‘timmerwinkel’ fan de nije timmerman Pieter van der Heide. By de earste ôfslach gean wy efkes linksôf de Pôle of Frijburch op (no Skoallestrjitte). It wie in suterich part fan it doarp. Nei it hoekhûs (Skoallestrjitte 8) kaam it wenhûs (doe de helte fan no) fan Jan Joustra. Hy wie frachtrider. Wer wat huzen fierder (no nûmer 12) wenne winkelman Rinze van Dijk.

Gean wy dan wer werom nei de Griene Leane dan kaam op nûmer 11 Gerrit Bruinsma dy ’t der mei frou Sjouke in grientewinkel hie mei in hiele grutte ierappelkelder. Op nr 13 komme wy lâns it húske der ’t Anne Hingst wenne. Hy ferkocht krudeniersguod en boerereau. Neist wat doe it steechje hjitte, stie it skildersbedriuw fan Jan Koops Lammersma. Dan folge op wat  no in leech plak is it hûs fan Ype Joustra dy ’t mei broer Homme yn de brânje siet. Dêrnei kaam Johannes Stilma dy ‘t mei it útsuteljen fan brij- en molkekarre troch de tiid kaam. Dat die Uiltje van der Lei ek, mar dan fan út it bûterfabryk. Mei de ‘timmerwinkel’ fan ‘baas’ Freerk de Boer op de hoeke fan Griene Leane en Hidaarderdyk ha wy it hiele doarp troch west.

De balâns opmakke 

Yn febrewaris sieten wy op 21 selsstannigen. Dêr komme no 33 by. Dat betsjutte yn 1950 dat der 54 húshâldingen hielendal of foar in part bestiene fan it doarp. No wie it gebiet der ’t hannel dien waard grutter as allinne Easterein. Easterein hie in sintrumfunksje; de klanten kamen ek út Itens, Hinnaard, Rien, Lytsewierrum, Reahûs en Hidaard. Mar yn guon fan dy doarpen wie noch wol in bakker, in winkelman, in smid, in timmerman of in kastlein! 

Easterein en Reahûs kamen yn 1950 noch net as twa selsstannige doarpen yn de befolkingssifers foar, want Reahûs wie in ûnderdiel (in útbuorren) fan Easterein. Mei-inoar wennen der sa ‘n 1080 minsken, wêrfan yn Reahûs sa ‘n 280. Yn de doarpen Hinnaard, Itens, Lytsewierrum en Rien, en Hidaard sille doe mei-inoar sa ‘n 720 misken wenne ha. It hiele ‘fersoargingsgebiet’ fan, lang net alle selsstannigen sil op syn meast 1800 minsken west ha. Dit betsjut dat dy 54 húshâldingen fan it jild dat dy 1800 útjoegen, bestean moasten. De lêzer kin fan tinken wol ha dat it yn in tiid fan sinten, stuorkes, dûbeltsje en kwartsjes net botte rom sopke by hiel wat Eastereiners.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s