6. Kacheltiid
Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Kacheltiid
It is in kâlde jannewarismoanne yn de nei-oarlochske jierren. De kachel moat oan. Earst de jiskelaad leegje en dêrnei binne de heiten of memmen dwaande mei it oanmeitsjen fan de kachel. In stik âlde krante, wat kachelhoutsjes, en in lusifer deryn; it moat slachje. Wol it dan noch net, dan in fluts petroalje. Sadra it fjoer ‘pakt’ moat der in turfke en wat koaltsjes oerhinne en begjint de kachel te ‘brommen’. Ut alle skoarstiennen komt reek en koaledamp grouwélich nei bûten. Binnen de koartstmooglike tiid is it gjin ‘onverdeeld genoegen’ om troch it doarp te gean. De minsken witte net better. Se wolle der dochs waarm by sitte! Yn de measte huzen stiet mar ien kachel dy ’t foar de waarmte ‘soarget’. Bûten de keamer steane je yn de kjeld. Neat gjin sintrale ferwaarming. Neat gjin waarme dûs. Allinne al dy iene kachel brânende te hâlden is foar de measte minsken in rib út it liif.
De brânstof
As it lije koe en as der romte wie, waard der simmerdeis foar it kommende stookseizoen brânstof opslein yn koalehok of -bak. De priis yn de simmer wie leger, want de hannel moast trochgean. Mar dan moast der wol yn ien kear betelle wurde en dat kaam net elkenien út. Dêrom bestelden guon minsken earst as it nedich wie: lytse bytsjes sa as in mudde.
Twa bedriuwen hiene it yn dy nei-oarlochske tiid drok mei de hannel yn turf en swarte brant. Dat wiene de bruorren Homme en Ype Joustra en de bruorren Albert en Rinze Muurling. Beide keppels rûnen der faaks as swarte Pieten by, want de brânstofhannel wie gjin skjinne hannel.
Skippen
Beide stel bruorren hiene in skip dat, as se der net mei op reis wiene, yn de Skippersbuorrenfeart lei. Simmerdeis wiene se mei de Hoop op Zegen (Joustra ‘s) of de Ebenhaëzar (Muurlingen) op reis nei de feangebieten yn Súdeast Fryslân en Drinte. De Joustra ’s hiene in skip mei in ‘opdrukker’ (in lyts boatsje om it skip te triuwen) en de Muurlingen ien mei in motor der yn. Yn dy feangebieten waard doe noch út it ‘heechfean’ turf stutsen. It wiene lange losse turven. Der wiene ek de folle lytsere hurde turfkes út it ‘leechfean’ (de baggelers); dat wie yndrûge opbaggere fean.
As de skippen, heech opladen mei turf weromkamen, wie dat altyd in spannend momint oan de Skippersbuorren. De feart wie net al te djip en de breedte om te kearen beheind. Foar de doarpsjeugd ferdivedaasje! As de skippen dan oan de kade leine moasten se leech. In part waard fuortendaliks nei de klanten brocht (lange turf nei de bakkers: bakkersturf) en der waard in part opslein yn de ‘hokken’.
Swarte brant
Yn de kachels waard neist de baggelers swarte brant stookt. Dit wiene de ‘eierkoalen’, de briketten, de kooks en de antrasyt (de nútsjes). Briketten en eierkoalen wie yn langwerpige blokken of yn aaifoarm parse stienkoalgrús. Kooks bestie út stikjes stienkoal der ’t it koalegas yn in gasfabryk troch ferwaarming úthelle wie. In kachel koe troch it stoken fan kokes ôfgryslike gleon wurde. It gas waard oan húshâldings levere foar ferljochting en om it iten te sieden. Yn ferskate plakken sa as Wommels stie in gasfabryk.
Antrasyt wie de geefste stienkoal en dêrom ek it djoerst. It lei ek it langst en dan hoegden jo net hyltyd op de kachel te letten. It wie lykwols dochs fan belang in folle koalekit nêst de kachel stean te hawwen.
Hout
Hout waard der ek wol stookt, mar dat wie altyd in hiel gebealch om it yn lytse stikjes te krijen. Alles moast dien wurde mei de ‘trekseage’ en de bile. It hout ‘levere’ twa kear waarmte: by it kappen en fyn meitsjen en by it stoken. Soms roaide de gemeente (iperen) beammen en koene de ynwenners ynskriuwe foar de oankeap fan in stam. De stobbe wie fergees, mar ek hast net út inoar te krijen.
De smid
De sintrale figuer yn it hiele kachelbarren wie de smid. As it stookseizoen foarby wie waarden kachels en pipen himmele en oppakt. Se waarden yn ‘e swarte kachelpoets setten. De pipen fan stoart roastkje maklik en moasten om de safolle tiid ferfongen wurde. Foar de smid wie dit in putsje foar de ‘deade mominten’. Troch de pipen goed droech op te bergjen koe der hiel wat jild besparre wurde. By guon minsken kaam de smid om de kachel te setten, mar de measten diene soks sels. Op skoalle en yn de ‘âld skoalle’ (Us Gebou) die de smid dit wol, want de piip moast hielendal troch it lokaal eart dy by it skoarstiensgat kaam. Dat wie om de waarmte fan de piip sa goed as mooglik te brûken en der mocht foaral gjin koaledamp yn it lokaal komme.
Skoarstienreagje
In goed trekkende skoarstien wie fan grut belang. Dy moast sa no en dan reage wurde. Net allinne om Swarte Pyt trochgong te jaan, mar ek om te foarkommen dat der gjin trek wie en de minsken yn de reek sitte soene. Ek de foegen moasten byhâlden wurde, want sadra de skoarstien trochsloech waard it oan de binnenkant fochtich en krigen je stjonkende en kliemske roet yn ‘e hûs.
Jiske-auto
De jiskeladen waarden yn it jiskefet leechskodde. By glêdens kaam der by guon minsken earst wat oer de strjitte. Ien kear yn de wike kaam de jiske-auto fan de gemeente lâns om net allinne de húsketontsjes, mar ek de jiske op te heljen en nei de dwinger te bringen.
Al mei al wie it winterdeis in hiel o-heden de gettenizeren kachel brânende te hâlden. Mar as dy kachel dan ek brânde dan wie it yn guon gefallen mei de tekst ‘je brûle tout l’hiver sans m’éteindre’ (ik brân hiel de winter sûnder út te gean) op dy kachel hiel behaachlik yn ‘e hûs. Foar de measte memmen de taak de kachel sa sunich mooglik de hiele dei oan de praat te hâlden
Foto: De Skippersbuorren yn 1961 mei earst in pream, dêrnei it wenskip fan ‘âlde’ Ype Joustra en fierderop de Ebenhaëzar fan de Muurlingen.
Colofon
Jan Hiemstra