5. Yn en om Easterein (De Skippersbuorren) troch Jan Hiemstra


5. Yn en om Easterein (De Skippersbuorren)  troch Jan Hiemstra
©: Sangers

De Eastereiner haven wie de Skippersbuorren. Dêr leine de turfskippen, de beurtskippen en de skippen mei terpgrûn. Oan ‘e ein fan de 19e iuw wie it  drok yn de Skippersbuorrenfeart. De Skippersbuorren as strjitte bestie noch net. Boppestande foto is fan nei 1902, want de skoalle en it skoalhûs steane der al op. De huzen fan wat no ’t Heechhiem 3 en 7 is, hiene frij útsicht oer it lân. Besjogge wy de foto fan rjochts nei links dan ha wy links fan de mêst fan it skip wat beammen, dêrneist folget in bûthúske (in romte foar kij) en in heaberch (heger). Dan komt it blokje fan fjouwer keamerwenten (no ’t Heechhiem 3 en 7) en dêr neist ha wy wat no ’t Heechhiem 1 is. It is net in hiel skerpe foto, mar it skoalhûs en de skoalle steane der al op. It skoalhûs waard yn 1902 boud. Lâns de wâl lizze it type skipkes, der ’t hjoed-de-dei mei skûtsjesyld wurdt. Se ha sa ‘n 20 ton ynhâld.Mei dizze skipkes waard terpmodder ferfearn, mar der kamen ek minsken mei nei it doarp foar harren hannel. De lêste dy ’t dat die, wie yn de fyftiger jierren Punter út Snits. Hy kaam mei syn ‘potskip’ en ferkocht diggelguod (= porselein en aardewerk). Hy lei dan in pear dagen tsjinoer wat no Skippersbuorren 9 is. De karre kaam dan fan it skip en waard fol laden mei hannel. Meastal bliuwde Punter in pear dagen yn Easterein, mar jûns gong er steefêst op ‘e fyts nei hûs en kaam de karre yn de skuorre fan Hendrik Kuiper sr. Nei ’t er syn rûntsje troch doarp en omkriten dien hie ferfear de keapman nei in oar plak om dêr syn guod te sliten.

De twadde foto komt út healwei de fyftiger jierren. Lâns de feart binne huzen en bedriuwkes delsetten. It buertsje sjocht der út sa as de minsken it no noch kinne. Der is al wâlbeskoeiïng oanbrocht. De elektrisiteit ‘streamt’ noch troch triedden dy ’t lâns de houten peallen rinne. Oan guon dêrfan sit in lampe foar de jûnsferljochting. Neist wat rinteniershuzen steane de timmerwinkel fan Arend Leeman, it pleatske fan Hendrik Kuiper en de winkel fan Gerrits Ide Joustra oan dizze strjitte. Yn dizze tiid lizze der meastal noch trije skippen lâns de Skippersbuorren. Ien by de yngong fan it doarp. Dêr wenne âlde Ype (de Jong) yn en wat fierderop folgen de skippen fan de bruorren Muurling en fan de bruorren Joustra. Fan de twadde helte fan de fyftiger jierren ôf ferfierden de Joustra ’s net allinne turf mar ek minsken. De Eastereiners woene wolris fan it hiem en it skip waard dan klearmakke foar ‘toeristenferfier’. De earste tochten gongen fan Easterein nei Terherne. De reis gong troch de opfeart nei de Frjentsjer-terfeart en sa fierder nei Snits. Dan de stêd troch en lâns de Jousterkade nei it de Snitsermar en Terherne. Jûns waard de reis yn de omkearde rjochting ôflein.

Op dizze foto sjogge wy dat it skip foar in reis fuortgiet. Homme Joustra stiet mei de skonk oer it roer dat troch soan Gerrit fêsthâlden wurdt. De útwiuwers steane op ‘e wâl. De frou mei de skelk foar is frou Brouwer, mei links fan har, har man Jelle. De man rjochts fan de peal mei de pet is Tinus Leevering. Ik tink dat de jonge rjochts foaroan mei de ‘kniekousen’, Hendrik van der Eems is.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Sangers
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s