34. Dominy De Bruin


34. Dominy De Bruin
©: Onbekend

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Dominy De Bruin 
Yn 1949 hiene de herfoarmen gjin dominy mear. Ds. Nijenhuis naam yn july fan dat jier ôfskied en der wie noch gjin nijenien beroppen (= beneamd). Nijenhuis wie noch mar sûnt 1946 dominy yn Easterein, mar der wie in probleem. Hy wie fan de nei-oarlochske ‘doorbraak’ en lid fan de PvdA. Dizze politike kar wie tal fan herfoarme en CHU stimmende pommeranten net nei it sin. De ferhâldingen waarden dêrtroch net al te bêst en dat sil der grif ta bydroegen ha dat er fuortgong. Foar it beroppen fan in nije domine wurdt dan in ‘harkkommisje’ gearstald. Sa ’n kommisje giet nei ferskate tsjerken om dominys te belústerjen. Is er ien der ‘t de kommisje fan tinkt dat dy geskikt is, dan wurdt dy foardroegen. Wurde de tsjerkeried en de dominy it dêrnei ‘saaklik’ iens dan komt der in nije dominyshúshâlding yn de pastorij, it hûs fan de ‘wurkjouwer’. 

 
Christiaan de Bruin

Yn de rin fan 1949 bedarren de herfoarme preekharkers djip yn it suden. Dêr wenne yn de pastorij fan Engelen (by Den Bosch) mei frou en acht bern de herfoarme legerpredikant, de majoar Christiaan de Bruin. Hy wie yn 1904 berne yn Bleskensgaaf, der ‘t syn heit ek dominy wie. Yn 1929 waard Christiaan dominy yn Rijnsaterswoude en troude krekt derfoar. Ein 1929 waard út dit houlik mei Annigje van Oostveen soan Hans berne. Lang stie De Bruin net yn Rijnsaterswoude. Yn 1931 gong er mei soantsje Hans nei Woudrichem. Syn frou wie yn 1930 ferstoarn oan in tumor. Yn Woudrichem waard in nij libben opboud. Hy kaam yn de kunde mei ien fan de dochters fan fiskferwurker Wijnbelt, want dy dochters pasten wolris op de lytse jonge. Mei de dan noch 21-jierrige Antoinette ûntstie in klik en it kaam yn 1933 foar Christiaan ta syn twadde houlik. Oant 19 novimber 1947 wie er dêr dominy. 

 
De húshâlding

De jonge Antoinette Wijnbelt hie de moadefakskoalle hân mar wie net oan it wurk rekke. Se waard dominysmefrou. Dat waard net allinne in feroaring yn status, mar ek yn persoanlike omstannichheden. De húshâlding waard fluch grutter. Yn 1934 kaam Theus op de wrâld; dêrnei folgen Carlie yn 1935, Mieke yn 1936 en Ineke yn 1938 en yn de oarloch de jonges Tom (1940), Crik (1942) en Jan (1944).

It lêste oarlochsjier waard in minne tiid. Woudrichem wie noch beset gebiet, wylst in eintsje fierder de Dútsers al ferdreaun wiene. De jonge dominysmefrou hie it net noflik, mar mei-inoar oerlibje se yn de grutte pastorij yn Woudrichem. Hjir waarden doe ek noch tal fan minsken dy ‘t yn it Lân fan Heusden en Altena út harren hús moasten, opfongen. It soppe net al te rom. Foar de húshâlding wie it moai dat De Bruin in baan krije koe as legerpredikant. Soks smiet wat mear op as dominee yn in gemeente. De dominyshúshâlding ferhuze nei Engelen en hie it dêr tige nei it sin. In pastorij oan de Dieze mei in sylboat yn it wetter. 

 
Nei Easterein

De Bruin wie graach legerpredikant, mar miste it pastorale elemint fan de tsjerklike gemeente. Hy stelde him beropber en in grutte pastorij yn in wetterrike provinsje yn in plak der ’t in dominy it goed hie, like him wol wat. Ds. De Bruin en de herfoarme tsjerke waarden it iens, want begjin 1950 gong de hiele húshâlding mei de trein nei Fryslân. Se kamen yn in pastorij der ‘t genôch romte yn wie foar in húshâlding mei sân bern, want soan Hans bliuwde yn Den Bosch.

Dominysmefrou en de bern hiene der tige tsjinoan sjoen. De húshâlding kaam yn in sa goed as folslein Frysktalich fermidden, in taal dy ’t gjinien begriep. Om dan mei de minsken om te gean foel net ta, hoe goed as de doarpelingen ek besochten Nederlânsk te praten. De bern learden yn de kontakten mei de doarpsgenoaten it Frysk al rillegau.

De trije âldste famkes fytsten moarns mei de ploech nei Snits en sieten dêr op skoalle. Twa fan de trije âldste jonges kamen ‘by ús’ op skoalle. Thom yn de fjirde en Krik yn de earste klasse. Dizze beide jonges boargeren yn it doarp gau yn, waarden opnommen yn in freonerûnte en gedroegen harren as doarpsjonges. De jongste gong nei de beukerskoalle. Hy paste minder yn it doarpslibben; dat kaam ek om ’t er yn Itens op skoalle moast. Yn 1950 waard de skoalle fan Easterein proefskoalle mei as fiertaal it Frysk yn de earste en de twadde klasse. Dit seagen Ds. en mefrou net sitten en stjoerden Jan nei in ‘tradisjonele’ kristlike skoalle yn Itens. 

It ynboargerjen fan de twa âldste famkes ferrûn tige goed! Dêr soargen twa Eastereiner jonges, Douwe Houtsma en Nico Vermeulen, foar. Douwe krige mei Carlie en Nico mei Mieke ferkearing en trouden letter. 


De pastorij as ‘glêzen’ hûs

Net allinne it dwaan en litten fan dominy, mar ek dat fan mefrou en de oare famyljeleden waard yn de gaten hâlden. Benammen fan dominysmefrou waard ferwachte dat se in rol yn de herfoarme Eastereiner mienskip spile. Sa waard se presidinte fan de frouljusferiening en moast by begraffenissen, nei de rige fan de manlju, de rige fan de froulju oanfiere mei in swarte voile (sluier) foar de hoed. Sneins waard ferwachte dat de famylje twa kear de grutte dominysbank besette; foar de bern in regelrjochte ramp.

Foar de (herfoarme) middenstanners moast sa ’n grutte húshâlding natuerlik ek wat opleverje. De herfoarme bakkers mochten om de beurt oan de doar komme en de herfoarde winkellju de boadskippen leverje, mar ek soan Theus dy ’t in winkel yn Folsgeare hie koe net oerslein wurde.  De sprútsjes en de mandaryntsjes waarden troch de herfoarde grienteman ferkocht en de skuon troch de herfoarme skuonmakker oplape. Binne Anne (Tuinstra) waard ynhierd as help yn de húshâlding.

 
De dominy sels

Ds. De Bruin kaam yn in ferdield doarp. By syn komst hong it swurd fan de ‘doorbraak’ boppe de herfoarmen. De Bruin hat him nea útsprutsen oer syn politike foarkar om foar te wêzen yn in wespenêst te bedarjen. Hy hie wol in protte sympaty foar it stribjen fan de PvdA om de earmoede fan de 65-plussers en de widdo ’s te bestriden om sa net oan de willekeur fan diakens en earmmaster oerlevere te wurden. It jild dat sa útsparre waard koe moai brûkt wurde foar de jeugd en sa waard mei diakonaal jild de Tsjerne oantúgd. Mei de griffemearde tsjerke wiene net de measte kontakten, mar neffens dochter Carlie kamen de jonge grifformearde dominy ’s wol op besite by De Bruin en makken gebrûk fan De Bruin ’s bibletheek der ’t, om ‘t heit ek dominy west hie, hiel wat standertwurken ynsieten. 

Fierder die dominy syn ‘gewoane’ dominyswurk: sneins twa kear preekje, húsbesite, siken besykje, kategisaasje. Dan wiene der noch de taken dy ’t dominy ek die om ’t it sa ‘hearde’ sa as bestjoerslid fan de skoalferiening en it lieding fan jiergearkomsten fan ‘tsjerklike’ ferieningen.

Yn 1969 kaam der in ein oan it wurk yn Easterein, dat De Bruin mei in soarte nocht dien hie. Hy gong mei emeritaat (= dominyspensjoen) en de húshâlding ferwiksele Easterein foar Frjentsjer. Yn pleats fan de pastorij waard it ‘Ús Mearke’ oan it wetter.

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen